Springe nei ynhâld

Pearelstirns

Ut Wikipedy
pearelstirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaipearelstirnzen (Gygis)
Wagler, 1832
soarte
Gygis alba
Sparrman, 1786
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De pearelstirns (Gygis alba) is in fûgel út de famylje seefûgels (Laridae).

Fûgel op Ascension.

De pearelstirns is 23 oant 30 sm lang mei in spanwiidte fan 76 oant 87 sm. Se binne suver wyt, útsein dat de Gygis alba candida in donkere streek lâns de wjukbocht fan 'e bûtenste primêre fearren hat. It swarte each hat in smelle ring fan swarte fearkes om it each. De snaffel is lang en swart oant blauswart. De sturt is ûndjip foarke. De poaten binne donkergriis oant bleker griis by de ûndersoarten Gygis alba leucopes en Gygis alba microrhyncha. It jong is wyt spikkele mei griis of griisbrún.

Pearelstirnzen wurde likernôch 17 jier âld.

De fûgel komt foar op 'e eilannen yn 'e Stille Oseaan, de Yndyske Oseaan en guon Atlantyske eilannen en wurdt meast yn fjouwer ûndersoarten yndield:

De Gygis alba microrhyncha waard earder as ûndersoarte sjoen, mar guon auteurs behannelje se as in aparte soarte, sûnt 2025 ek troch Avilist, eBird en The Clements Checklist of Birds of the World.

Ien stúdzje giet fierder en suggerearje dat der trije soarten Gygis binne, mei de Atlantyske pearelstirns (Gygis alba) yn 'e Atlantyske Oseaan, de gewoane pearelstirns (Gygis candida, ûndersoarten G.c. candida en G.c. leucopes) yn 'e Yndyske en westlike oant sintraal Stille Oseaan en de lytse pearelstirns (Gygis microrhyncha) yn 'e súdeast-sintraal Stille Oseaan. Dizze trijedielige yndieling wurdt no folge troch de grutte wrâldlisten. Dy stúdzje suggerearret ek dat de Gygis candida stadichoan syn ferspriedingsgebiet nei it súdeasten útwreidet en yn 'e takomst liede kin ta it útstjerren fan 'e Gygis microrhyncha troch ferfanging.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pyk.

Pearelstirnzen jeie op lytse fiskjes by it lemieren of krekt nei it ûndergean fan 'e sinne troch te dûken yn it wetter. As de proai foar himsels is slokt er it fiskje fuort troch en oars nimt er de proai oerdwers yn 'e snaffel mei om it oan in jonge fûgel te fuorjen.

De fûgel briedt op koraaleilannen, meastal op beammen mei lytse tûken, mar ek op rotsige richels en op keunstmjittige struktueren. De fûgel leit ien aai fuort op 'e tûke, hy boud gjin nêst fan tûkjes of gers en is dêryn unyk foar seefûgels.

Dizze soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least concern, 2018).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: