Pearelglee
| pearelglee | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gampsonyx swainsonii | ||||||||||||
| Vigors, 1825 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De pearelglee (Gampsonyx swainsonii) is in lytse rôffûgel fan 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei in lingte fan 20 oant 23 sintimeter is de pearelglee de lytste rôffûgel fan 'e Nije Wrâld. De boppekant is meastentiids griis-swart, wylst de ûnderkant wyt mei wat oranje-brune tinten is. De wangen en de foarholle ha ek in bleek-oranje kleur. Op 'e sydkanten fan it boppeboarst sitte in pear lytse swarte plakken. De fûgel hat opfallende giele poaten en in giele snaffelbasis.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte komt foar yn savannelânskippen fan Súd-Amearika. De soarte wurdt opdield yn trije ûndersoarten:
Ekology en gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pearelglee is in rôffûgel fan it iepen fjild. Oars as de measte oare gleeën, dy't faak op ynsekten jeie, hat dizze lytse jager in oare spesjaliteit. Hy sit faak op in heech útsjochpunt, lykas in deade tûke of in tillefoanpeal, om syn proai te ferkennen. Hy yt foaral hagedissen, mar ek grutte ynsekten en soms lytse fûgels. As er in proai sjocht, dûkt er der boppe-op, in bytsje lykas in wikel dat ek dwaan kin.
Se bouwe in lyts nêst fan tûken yn in beamtop. It wyfke leit meastentiids twa oant fjouwer aaien.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat de status net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan de IUCN. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 0,5 oant 5 miljoen folwoeksen fûgels. Oars as in soad oare rôffûgels, liket de pearelglee yn oantal ta te nimmen. Dat komt om't ûntbosking foar dizze fûgel eins mear gaadlik leefgebiet (iepen savanne en lânbougrûn) opleveret.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Pearelglee
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
