Springe nei ynhâld

Peareleilannen

Ut Wikipedy
Peareleilannen
geografy
lokaasje Stille Oseaan
lân Panama
provinsje Panama
koördinaten 8°20'N 79°7'E
sifers
oerflak 1165 km²
kaart
Peareleilannen (Panama)
Peareleilannen

De Peareleilannen (Spaansk: Archipiélago de las Perlas) lizze yn 'e Golf fan Panama oan 'e Pasifyske kant fan Panama. Se lizze likernôch 50 oant 100 km súdlik fan Panama-Stêd. De arsjipel bestiet út likernôch 90 eilannen en mear as 100 lytse rotsige eilantsjes.

De grutste eilannen binne:

  • Isla del Rey (it grutste eilân);
  • Contadora (it meast ûntwikkele eilân);
  • Saboga, San José, Pedro González,

Nei't Spanje yn 'e 16e iuw de regio kolonisearre, ûntdutsen de Spanjerts dat de Peareleilannen (benammen Isla del Rey, Saboga en San José) ryk wiene oan pearels. Yn it earstoan brûkten se de ynlânske befolking fan it fêstelân (Guaymí, Cueva), mar dy waard fluch útrûge of stoar oan sykten en mishanneling. De fiskerij wie fysyk swier, gefaarlik, en waard ûnder twang útfierd. Om't de ynlânske arbeiders troch de hege stjertesifers net foldiene foar de pearelfiskerij, brochten de Spanjerts Afrikaanske slaven nei de eilannen. Njonken it wurk om pearels te fiskjen waarden se ek yn 'e fiskerij en lytsskalige lânbou oan it wurk set.

Yn 'e 17e en 18e iuw wiene de Peareleilannen in bekend skûlplak foar piraten en kapers. De eilannen leine tichteby de rûte dêr’t Spaanske skippen mei goud, sulver en pearels út Súd-Amearika nei Europa farden. It grutte tal lytse baaien wienen tige goede skûlplakken foar de skippen en in soad eilannen wiene net bewenne, sadat de piraten harren gong gean koene. De ferneamde kaper Henry Morgan soe de eilannen as útfalsbasis brûkt ha. Ek oare piraten, lykas Edward Davis, loerden op 'e Spaanske galjoenen dy't kostbere ladingen ferfierden. Der geane noch altiten ferhalen oer ferburgen pirateskatten op guon eilannen, mar konkreet bewiis ûntbrekt, ek al wurdt der yn promoasjemateriaal op 'e toeristyske eilannen graach oer ferhelle.

Yn 'e 20e iuw wiene guon eilannen in bestimming foar de elite fan Panama en bûtenlânske besikers om dêr fakânsje te fieren.

Yn 'e jierren 1980 waard dêr ek ûnderhannele oer frede yn Midden-Amearika (de saneamde “Contadora Process”).

De befolking is ferspraat oer in pear gruttere eilannen:

San Miguel.
  • Isla del Rey: It grutste eilân, mei ferskate doarpen.
  • Contadora: Mear toeristysk, mar hat ek in lyts fêst ynwennertal.
  • Saboga en Pedro González: Lytse fiskersmienskippen.

De measte eilannen binne net, of hast net bewenne. Op 'e gruttere eilannen (lykas Isla del Rey en Contadora) binne der lytse doarpen mei in pear hûndert ynwenners. De befolking bestiet fral út Afro-Panameeske ôfstammelingen fan eardere slaven of arbeiders út de koloniale tiid.

De haadtaal is Spaansk, mar der binne ek regionale farianten. Guon minsken prate in Kreoalske fariant of Karibysk Ingelsk, mar dat ferdwynt stadichoan. De jonge generaasjes prate allinne Spaansk.

Krekt as yn 'e rest fan Panama binne de measte ynwenners roomsk-katolyk, mar yn 'e 20e iuw binne ek evangelikale mienskippen groeid, benammen ûnder Afro-Antilliaanske- en fiskersmienskippen.

Meastentiids binne de doarpen ienfâldich mei allinnich basisfoarsjenningen. Foar ûnderwiis, medyske soarch of guod moatte ynwenners faak nei it fêstelân.

Strân fan Contadora.

It lânskip bestiet út tropyske reinwâlden yn it binnenlân fan 'e gruttere eilannen. Karakteristyk binne de wite sânstrannen. Oan 'e noardlike kusten komme mangroves foar. De kustlinen binne faak ûnregelmjittich en rotseftich. By de lytse eilantsjes binne koraalriffen tichteby de kust.

It klimaat is tropysk, mei in wiete en in drûge tiid (lykas op it fêstelân fan Panama).

De eilannen binne noch relatyf oarspronklik, al wurdt toerisme in jimmeroan gruttere faktor. It ûnderwetterlibben is ryk mei riffen, fisken, skyldpodden en somtiden ek walfisk- en dolfynsoarten. Op guon strannen lizze de seeskyldpodden har aaien. Guon bisten komme allinne op 'e Peareleilannen foar (fral hagedissen en fûgels). Foar trekfûgels binne de eilannen belangryk.

Contadora wie ek in fakânsjebestimming foar bekende persoanen, lykas de ferballe sjah fan Perzje.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peareleilannen fan Wikimedia Commons.