Paula en de Weirekke Spegel
| Paula en de weirekke spegel | ||
| algemiene gegevens | ||
| auteur | Marije Sennema | |
| taal | Frysk, Öömrang | |
| foarm | roman | |
| sjenre | berneboek | |
| 1e publikaasje | jannewaris 2025 | |
| oarspr. útjwr. | Utjouwerij De Ryp | |
| kodearring | ||
| ISBN | 978-9083431505 | |
Paula en de Weirekke Spegel is in berneboek dat keunsthistoarika Marije Sennema makke hat tegearre mei har freondinne, yllustratrise Tijana Loković. Se wiene grepen troch it wurk fan de ier-ekspresjonistyske skilderesse Paula Modersohn-Becker (1876-1907) en dan benammen troch har selsportretten.
De Dútske skilderesse is grutwurden yn de Noarddútske stêd Bremen. Mei tuskenskoften hat hja letter yn 'e keunstnerskoloanje Worpswede by Bremen wenne, dêr't hja nei in kreambêd op in leeftyd fan 31 jier stoar oan in emboly.
Om't sy de simmer fan 1903 op Amrum west hat, is der foar keazen om it ferhaal op Amrum te situearjen. Op Amrum wurdt Öömrang praat, in fariant fan it Noardfrysk. In moaie gelegenheid om it boek yn twa Fryske talen út te bringen. Der is foar keazen om trije ferzjes yn 'e merk te setten, in Fryske, in Nederlânske en noch in dûbeltalige útjefte fan Öömrang en Dútsk.

It ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paula is útfanhûs by beppe op it eilân Amrum. Op in dei rekket se de gouden spegel fan beppe kwyt. Net samar in spegel. Allinnich mei dy pratende spegel kin se harsels skilderje. En dat is no krekt wat se wol.
Sûnder it drege begryp te brûken, wurdt yn it ferhaal oan bern en folwoeksenen dúdlik makke wat ekspresjonisme wêze wol.
It famke Paula yn it ferhaal is útsein har namme in fiktyf personaazje.