Paul Van Bruystegem
| Paul Van Bruystegem | ||
| Paul Van Bruystegem (2014) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Paul Van Bruystegem | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 13 juny 1959 | |
| berteplak | Leuven | |
| stoarn | 4 oktober 2025 | |
| stjerplak | Lier | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| lid fan | Triggerfinger The Wolf Banes | |
| sjenre | Rock | |
| ynstrumint | Basgitaar Gitaar | |
| jierren aktyf | 1986-2025 | |
Paul Van Bruystegem (Leuven, 13 juny 1959 - Lier, 4 oktober 2025), wie in Flaamsk bassist en gitarist. Van Bruystegem wie benammen bekend as bassist fan Triggerfinger. Hy hie twa bynammen Monsieur Paul en Lange Polle.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op syn fjirtjinde ferliet Van Bruystegem it âlderlik hûs om muzyk spylje te kinnen, dêr't syn âlden tsjin wiene. Earst trede er op yn kafees en kaam sa yn kontakt mei oare muzikanten. Hy wie sesjegitarist en fêste gitarist fan ûnder oaren The Wolf Banes, Beverly Jo Scott, The Popgun, Big Bill, Neeka en tal fan oare sydprojekten.
Hy wie gitarist by The Wolf Banes mar foaral bekend as bassist fan Triggerfinger, dêr't er yn 2003 by oansleat. By Triggerfinger skeakele er oer fan gitaar nei bas, al bleau er himsels as gitarist en net as bassist sjen.
Yn juny 2023 stapte er út Triggerfinger optrede mei de band waard te swier. Op 11 juny stie er yn de Ancienne Belgique foar it lêst mei Triggerfinger op it poadium. Paul Van Bruystegem ferstoar op 4 oktober 2025, yn 'e âldens fan 66 jier, nei in lang siik wêzen.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
|---|---|---|---|
| Where Is the Party? | 1989 | The Wolf Banes | |
| High Five | 1991 | ||
| Suite 16 | 1993 | ||
| Wolfbania | 1994 | ||
| Triggerfinger | 26 jannewaris 2004 | Triggerfinger | Inner Peace, Camaro |
| What Grabs Ya? | 25 febrewaris 2008 | Soon, Is It | |
| All This Dancin' Around | 12 novimber 2010 | All This Dancin' Around, Love Lost In Love, Let It Ride, It Hasn't Gone Away, I'm Coming For You | |
| The Wolf Banes | 2010 | The Wolf Banes | |
| By Absence of the Sun | 18 april 2014 | Triggerfinger | Perfect Match |
| The Dungeon Tapes | 2014 | The Wolf Banes | |
| Colossus | 25 augustus 2017 | Triggerfinger | Flesh tight, Colossus, Breathlessness, That'll be the day, Bring Me Back A Live Wild One |
| Sugar Skull | 2024 | The Wolf Banes |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
