Springe nei ynhâld

Paul Le Guen

Ut Wikipedy
Paul Le Guen
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paul Le Guen
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum 1 maart 1964
berteplak Pencran (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
lingte 1.86 m
sportive ynformaasje
sport fuotbal
debút 1983
karriêre-ein 1998

Paul Le Guen (Frânske útspr.: [pɔl lə ɡwɛn], likernôch: "pol luh gwen"; Bretonske útspr.: [pawl lø ɡwɛnː], likernôch: "paul leu gwen"; Pencran, 1 maart 1964) is in Frânsk fuotballer en fuotbaltrainer fan etnysk Bretonsk komôf. Hy sette yn 1983 útein mei syn profesjonele sportkarriêre en spile û.m. by Paris Saint-Germain. Ek kaam er santjin kear út foar it Frânske nasjonale alvetal. Nei't er yn 1998 opholden wie as fuotballer, begûn Le Guen in twadde wurkpaad as trainer, wêrby't er ek bûnscoach fan Kameroen en Omaan wie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Le Guen waard yn 1964 berne yn Pencran, op it skiereilân Bretanje.

Karriêre as fuotballer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Le Guen sette syn profesjonele karriêre as ferdigener yn it fuotbal yn 1983 útein by de klub Stade Brest 29 út Brest. Dêr spile er seis jier lang en waard er ynset by 154 wedstriden. Yn dy tiid skoarde er seis goals. Yn 1989 ferhuze er nei FC Nantes Atlantique út Nantes, dêr't er yn twa jier tiid 76 kear foar útkaam en ien goal skoarde. Yn 1991 kaam Le Guen te spyljen foar Paris Saint-Germain út Parys, dêr't er oant de ein fan syn karriêre, yn 1998, bliuwe soe. Foar PSG spile er yn dy sân jier 344 kear en skoarde 24 doelpunten.

Yn deselde snuorje spile Le Guen tusken 1993 en 1995 ek santjin kear yn it Frânske nasjonale alvetal, wêrby't er ien goal skoarde. Hy hie faker foar Frankryk útkomme kinnen, mar blessueres beletten him dat. Yn 'e mande mei û.o. Eric Cantona en David Ginola makke er diel út fan it alvetal dat him yn 1994 net wist te kwalifisearjen foar it WK fuotbal. Le Guen beëinige syn karriêre as fuotballer mei in freonskiplike wedstryd tusken syn thúsregio Bretanje en Kameroen op 21 maaie 1998, dy't einige yn in gelykspul (1-1).

Karriêre as fuotbaltrainer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuort neitiid gie Le Guen as fuotbaltrainer oan it wurk by de klub Stade Rennais F.C. út Rennes. Dêr bleau er trije jier en wied er ferantwurdlik foar it oanlûken fan doedestiden noch ûnbekende talinten as Shabani Nonda en El Hadji Diouf. Le Guen ferliet Rennes yn 2001, nei't er deilis rekke wie mei it bestjoer fan 'e klub. Yn 2002 waard er as trainer oannommen troch Olympique Lyonnais yn Lyon, dêr't er nei in dreech begjin de klub trije kear efterinoar oan it kampioenskip holp en yn 'e Champions League fan 'e UEFA nei de kwartfinales brocht.

Paul Le Guen yn 2008.

Nei't er yn 2005 Lyon ferlitten hie, gie Le Guen nei Skotlân, dêr't er trainer fan Rangers F.C. út Glasgow waard. Hoewol't er dêr mar in jier bleau, waard syn trainerskip omskreaun as "sûnder lek of brek". Nettsjinsteande dat griep Le Guen de kâns om trainer fan Paris Saint-Germain te wurden, doe't dy kaam, mei beide hannen oan. Hy begûn dêr yn 2007 en kaam foar dat de klub út 'e Ligue 1 degradearje moast. Hoewol't er it jiers dêrop mei PSG de Coupe de la Ligue wûn, wiene syn resultaten wif en ûngelikens, mei't de klub datselde jier lange tiid yn 'e degradaasjesône siet. Yn 2009 waard bekendmakke dat syn kontrakt net ferlinge wurde soe.

Yn july 2009 wie Le Guen sadwaande frij om in kontrakt foar fiif moannen te tekenjen om bûnscoach fan it nasjonaal alvetal fan Kameroen te wurden. Dêr wie syn ynfloed fuortendaliks te merken doe't er it lân nei it WK fuotbal fan 2010 yn Súd-Afrika ta late. Doe't Kameroen lykwols it earste lân wie dat yn 'e poolfaze út it kampioenskip knikkere waard, naam Le Guen ûntslach as bûnscoach.

Nei in skoft wurkleas mar net om wurk ferlegen sitten te hawwen, naam Le Guen úteinlik yn juny 2011 it oanbod oan om bûnscoach fan Omaan te wurden. Under syn lieding kwalifisearre dat lân him foar it Aziatysk Kampioenskip fuotbal 2015, dêr't it Omaanske alvetal lykwols yn 'e groepsfaze útskeakele waard mei ien oerwinning en twa nederlagen. Nei in minne start fan 'e kwalifikaasje foar it WK fuotbal 2018 waard Le Guen op 19 novimber 2015 troch it Omaanske fuotbalbûn ûntslein. Neitiid waard er yn 2017 as trainer oannommen by de Turkske klub Bursaspor, in funksje dy't er anno 2021 noch altyd beklaait.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.