Paul Delaroche
| Paul Delaroche | ||
| Selsportret | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Hippolyte de la Roche | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 17 july 1797 | |
| berteplak | Parys | |
| stoarn | 4 novimber 1856 | |
| stjerplak | Parys | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | keunstskilder | |
| streaming | Romantyk | |
| offisjele webside | ||
| RKD-profyl | ||
Paul Delaroche, somtiids ek Hippolyte Delaroche (Parys, 17 july 1797 - dêre, 4 novimber 1856) wie in Frânske keunstskilder. Hy makke foaral histoarjestikken en portretten. [1] Hy waard ferneamd yn Jeropa om syn melodramatyske ôfbyldings dy't faak ûnderwerpen út 'e Ingelske en Frânske skiednis portrettearren.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard doopt as Hippolyte de la Roche, mar syn famylje neamde him Paul. Yn 'e jierren 1820 begon er syn skilderijen te signearjen mei P. (of Paul) Delaroche.
Paul syn heit wie Grégoire-Hippolyte de la Roche, berne yn 1761, dy't út in famylje kaam dy't al generaasjes lang yn Parys fêstige wie. Hy wurke as keunstsaakkundige en -hanneler, - taksateur by in pandjeshûs en wie feilingmaster. Hy wie troud mei Marie-Catherine Bégat, dy't in jier jonger wie as hy. In omke fan memmekant fan Paul Delaroche wie de kurator fan it Cabinet des Estampes. Se wennen yn in hûs oan de Rue de la Vrillière yn it 1e arrondissement. Paul wie de twadde soan; hy hie in broer, Jules, berne yn 1795, dy't ek skilder waard.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy begon syn oplieding yn 1816 as lânskipsskilder ûnder Louis Étienne Watelet. Twa jier letter ferhuze hy nei it atelier fan Antoine-Jean Gros, dêr't syn broer al lid wie. Yn 1822 makke er syn debút yn de Salon de Paris. Dêr moete er Théodore Géricault en Eugène Delacroix, dy't sawat like âld wiene, en mei wa't er rillegau de kearngroep fan Paryske histoarjeskilders foarme.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 28 jannewaris 1835 troude er yn Rome mei Louise Vernet, de 17 jier jongere dochter fan syn kollega Horace Vernet. Hy wie it jier derfoar mei har ferloofd rekke by in reis nei Itaalje; Horace Vernet wie doe direkteur fan 'e Académie de France yn Rome. Louise waard ferskate kearen troch him portrettearre, hoewol't skilderijen fan har troch Théodore Géricault (as bern), troch Ingres, en troch har heit ek bewarre bleaun binne. Harren earste soan, Horace, waard berne yn 1836, yn 1841 folge troch twadde soan, Philippe. Op 28 desimber 1845 stoar Louise oan koarts mei 31 jier, wêrtroch't Delaroche djip wanhopich rekke.
Hémicycle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1837 krige Delaroche fan de arsjitekt Félix Duban de opdracht ta it meitsjen fan in enoarme wandskildering yn de healrûne teäteraula fan de École des Beaux Arts. It wurk yn 'e trant fan 'e skoalle fan Athene wie sânentweintich meter breed en skildere yn oaljeferve dy't fuort op 'e muorre oanbrocht waard. It wurk stiet bekend as de Hémicycle. Yn it sintrale part sjocht men foarname sitten mei de trije skeppers fan it Parthenon: de byldhouwer Phidias, de arsjitekt Ictinus, en de skilder Apelles. Sy fertsjintwurdigje de ienheid fan de keunsten.
Links en rjochts fan it middendiel binne de fiifensantich grutste keunstners fan alle tiden mei-inoar yn petear yn lytse groepkes. Om in froulik elemint yn te bringen skildere Delaroche ek de njoggen muzen as kreaze jonge froulju. It wurk wie klear yn 1841, mar waard swier skansearre by in brân yn 1855. De restauraasje waard om reden fan it ferstjerren fan de skilder yn 1856 fuortset en dienmakke troch Joseph-Nicolas Robert-Fleury.
- De middelste groep omfettet Iktinos (arsjitektuer), Appeles (skilderkeunst) en Phidias (byldhoukeunst), lykas allegoryen fan'e Grykske en Romeinske Aldheid, Goatyk en Renêssânse.
- Rjochter helte, ûnder de ôfbylden binne Giotto, Raphael, Leonardo da Vinci, Michelangelo en Dürer, en ek de arsjitekten.
Learlingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de selsmoard fan Antoine-Jean Gros yn 1835, naam er it atelier fan Gros oer, dat er oant 1843 yn 't wurk hold. Dat jier, nettsjinsteande krêftige protesten fan syn studinten, joech er syn posysje oer nei't in studint ferstoar by in ynwijingsritueel. Syn studinten wiene ûnder oaren Marie-Alexandre Alophe, Edward Armitage, Gustave Boulanger, Friedrich August Bouterwek, Charles-François Daubigny, Edouard Frère, Jean-Léon Gérôme, Charles Landelle, Charles Lucy, Jean-François Millet, Wilhelm Streckfuß, en Adolphe Yvon, lykas pioniers fan 'e fotografy lykas Gustave Le Gray en Charles Nègre. Oangeande de daguerreotypie, in iere foarm fan fotografy dy't yn 'e jierren 1830 ûntstie, wurdt him de útspraak taskreaun: À partir d’aujourd’hui la peinture est morte. ("Fan hjoed ôf oan is skilderjen dea.")
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pylgers yn Rome, 1842
- Édouard V, roi mineur d'Angleterre, et Richard, duc d'York, son frère puîné, 1831
- Bern fan Eduard IV, 1852
- Terjochtstelling fan Lady Jane Grey, 1833
- Elizabeth I, 1823
- Peter de Grutte, 1838
- Henriette Sontag, 1831
- Napoleon docht ôfstân fan 'e troan yn Fontainebleau, 1845
- Narcisse-Achille de Salvandy, 1846
- James Alexandre de Pourtalès, 1846
- François Guizot, om 1839 hinne
- De frou fan de keunstner, Louise Vernet, op har deabêd (1846)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
