Paul Alverdes

Ut Wikipedy
Paul Alverdes, om 1938 hinne

Paul Alverdes (Straatsburch, 6 maaie 1897 - München, 28 febrewaris 1979) wie in Dútske romanskriuwer en dichter.

Hy wie de soan fan de ûnderoffisier Hermann Alverdes en Paula Arnolsen. Yn syn gymnasiumtiid waard er lid fan de Dútske Jeugdbeweging. Yn de Earste Wrâldkriich gie er frijwillich ûnder tsjinst. Hy rekke oan it front by de Somme ferwûne oan de strôtbal en lei dêrnei moannen yn in hospitaal yn Berlyn. Syn kriichsûnderfinings ferwurke er yn syn boeken.
Hy studearre Germanistyk en Keunstskiednis oan de Ludwig-Maximilians-Universiteit yn München en promovearre mei in dissertaasje oer it piëtisme yn 1921.

Tegearre mei Karl Benno von Mechow makke er it tydskrift Das innere Reich. Nei 1945 wurke er foar de Bayerischen Rundfunk en skreau er meast ferhalen foar bern, hoewol't er ek as senarioskriuwer behelle wie yn 'e produksje fan 'e film Nachtwache, út 1949. Yn 1961 krige Alverdes de Dútske Jugendbuchpreis.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Die Pfeiferstube (1927) - (yn it Nederlânsk oerset as Het Fluitersvertrek)
  • Reinhold oder die Verwandelten
  • Die Freiwilligen (1934)
  • Das Winterlager
  • Eine Infanterie – Division bricht durch
  • Deutsches Andenkenbuch
  • Das Zwiegesicht
  • Dank und Dienst. Reden und Aufsätze
  • Märchen (Das Männlein Mittenzwei) (1937)
  • Grimmbarts Haus (1949)
  • Nachtwache (1949) - (senario, mei Harald Braun)
  • Legende vom Christ-Esel (1953)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eleonore Gürge: In famylje út Pommeren (dú) [1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Furness, Raymond en Malcolm Humble (1991). "A Companion to Twentieth Century German Literature." Londen en New York: Routledge. ISBN 0-415-01987-7.