Paugoes
Paugoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Branta leucopsis | ||||||||||||
Bechstein, 1803 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() Grienlân - Atlantysk
Spitsbergen - Westkust Grut-Brittanje
Sibearje - Noardsee
Wylde fûgels
|
De paugoes of tongergoes (Branta leucopsis) is in fûgel fan it skaai seeguozzen (Branta) út de famylje einfûgels (Anatidae). Se briede yn arktyske gebieten en trekke winterdeis nei it suden oant de froastgrins. De fûgel is yn West-Europa foar in part in stânfûgel.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 55 oant 66 sm lange fûgel hat in spanwiidte fan 110 oant 120 sm en is trochstrings 15 sm koarter as de skiere goes. Der is skraachwurk ferskil tusken mantsjes en wyfkes. Mantsjes binne allinne wat grutter en wege wat swierder (in mantsje weecht 910-1810 gram, in wyfke 850-1770 gram). De kop is gielwyt en de krún, de efterkant fan 'e kop en de hals binne oant en mei it boppeboarst swart. Om it each sit in swart eachplak. De búk en de ûnderkant fan 'e fûgel binne griiswyt. De wjukken binne lochtgriis mei swarte en wite streken. De donkere ûnderkant fan 'e wjukken kontrastearret tige mei de wite ûnderkant. De poaten en snaffel binne swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels libje yn it noardlike diel fan 'e Atlantyske Oseaan fan 'e eastkust fan Grienlân oant Spitsbergen en it suden fan Nova Zembla op 'e tûndra yn sompige gebieten yn 'e buert fan mûnings fan rivieren en op it waad. Simmerdeis briede tongerguozzen om 'e poalsirkel hinne, sadat se de dagen goed meinimme en harren aaien en piken goed beskermje kinne. Rôfdieren lykas de poalfoks ha sa minder kâns om se te bedriigjen.
It wintergebiet leit fral oan 'e kust fan Ierlân, de westkust fan Skotlân en de Noardseekust fan Dútslân, Denemark en Nederlân. Oer it generaal folgje de fûgels as wintergast de froastgrins. Yn West-Europa is de fûgel ek in stânfûgel.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de jierren 1970 binne de oantallen tongerguozzen yn Nederlân jimmeroan grutter woarn. Neffens Sovon wurdt it oantal wintergasten op 710.000 oant 870.000 fûgels rûsd.[1]. Oant it begjin fan 'e jierren 1980 wie de fûgel noch gjin Nederlânske briedfûgel, mar sûnt 1984 briede tongerguozzen yn jimmeroan gruttere oantallen yn Nederlân. It tal pearkes waard yn 2018-2020 op 14.000 oant 20.000 rûsd. De briedpearen binne neffens ringûndersyk foar it grutste part stânfûgels.
Oant 1990 wie de fersprieding fan 'e soarte beheind ta Fryslân, it Waad, de Iselmar en de delta fan é rivieren. Dêrnei kolonisearren de tongerguozzen ek it binnenlân. Yn Fryslân binne winterdeis grutte oantallen oerwinterjende tongerguozzen te sjen yn Súdwest-Fryslân oan 'e kust fan 'e Iselmar, de Lege Midden en Noardeast-Fryslân.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tongerguozzen ite foar it meast gers oanfolle mei moas en oare planten. Njonken gers ite se ek in sied. Se foerazjearje yn 'e regel by deiljocht. By it skimerjen sykje se de rêstplakken op. As it ljochtmoannewaar is kinne se ek nachts trochweidzje. Yn 'e poalsimmer, as it net tsjuster wurdt, frette se de hiele tiid troch om sa in fetfoarried foar de trek nei it suden oan te lizzen. Tongerguozzen ite benammen de aaiwytrike gersspruten, dy't koart ôffretten wurde. It aaiwyk wurdt fertarre en de griene fezels wurde wer útskiten.
De nêsten lizze likernôch in meter of mear fan inoar ôf. In lechsel bestiet út trije oant sân griiswite aaien en wurdt yn 24 oant 25 dagen útbret. Nei it útfleanen fan 'e jongen bliuwe se yn groepen fan ferskillende famyljes by inoar.
Tongerguozzen fleane leger as oare soarten guozzen en net yn V-formaasje. Se wurde oant 18 jier âld.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wetlands International rûsde yn 2015 de wrâldpopulaasje op 880.000 fûgels. De populaasje is sûnt foars tanommen. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Goes (fûgel)
- Seegoes
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Spitsbergen
- Lânseigen fauna yn Sweden