Springe nei ynhâld

Patriisfrankolinen

Ut Wikipedy

De patriisfrankolinen (wittenskiplike namme: Pternistis) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) yn ‘e ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae).

De patriisfrankolinen waarden ek wol yn it skaai fan 'e frankolinen (Francolinus) yndield. Lykwols, sûnt sawat 2020 is der algemiene oerienkomst dat de 23 partiisfrankolinen it apart skaai foarmje [1] [2]. De patriisfrankolinen binne ek nauwer besibbe oan de kwartels (Coturnix) en stienpatrizen (Alectoris), ynstee fan oan de (echte) frankolinen.

Alle patriisfrankolinen libje yn Afrika. Mei útsûndering fan ien, de dûbelspoarfrankolyn, dy't ek yn Marokko foarkomt, libje se súdlik fan 'e Sahara.

  1. Avilist 2025
  2. Birds of the World 2025