Springe nei ynhâld

Patras

Ut Wikipedy
Patras
Πάτρα
Gemeente yn Grikelân
Rio-Antirrio-brêge
Rio-Antirrio-brêge
Emblemen
Bestjoer
regioWest-Grikelân
regionale ienheidAchaia
dielgemeenten5 dielgemeenten
haadplakPatras
Sifers
ynw. gemeente215,923 (2021)[1]
ynw. haadplak173.600 (2021)
oerflak344.7 km²
hichte0-10 m
Oar
postkoade26221, 26223, 26225, 26331, 26334, 26441 en 26442
tiidsôneUTC +2
simmertiidUTC +3
koördinaten38°15' N 21°44' E
Offisjele webside
e-patras.gr
Kaart
Patras (Grikelân)
Patras

Patras (Gryksk: Πάτρα) is op twa nei de grutste stêd fan Grikelân. It is de regionale haadstêd en grutste stêd fan West-Grikelân. De sted leit yn 'e noardlike Peloponnesos, sawat 215 km westlik fan Atene, oan 'e foet fan 'e berch Panachaikon en oan 'e Golf fan Patras.

De skiednis fan 'e stêd giet op fjouwer millenia werom. Al yn 'e Romeinske tiid wie it in kosmopolitysk sintrum fan 'e eastlike Middellânske See, wylst it neffens de kristlike tradysje ek it plak wie fan it marteldea fan Sint-Andréas.

Patras is foar Grikelân de poarte nei West-Europa en in kommersjeel sintrum. De drokke haven is in knooppunt foar hannel en kommunikaasje mei Itaalje en de rest fan West-Europa. De stêd hat trije iepenbiere universiteiten, dy't in grutte studintepopulaasje ûnderbringe en fan 'e stêd in wichtich wittenskiplik sintrum meitsje mei tige heechweardich technologysk ûnderwiis. De Rio-Antirrio-brêge ferbynt de meast eastlike dielgemeente fan Patras, Rio, mei de stêd Antirrio, en tagelyk it Peloponnesos-skiereilân mei it fêstelân fan Grikelân.

Alle jierren organisearret de stêd yn febrewaris ien fan 'e grutste karnavals fan Europa. Opmerklike binne de gigantyske satiryske praalwagens en optochten, dy't troch hûnderttûzenen besikers wurdearre wurde yn in mediterraan klimaat. Patras is ek ferneamd fanwegen it stypjen fan 'e lânseigen kultuer yn 'e poadiumkeunsten en moderne stedske literatuer. Yn 2006 wie Patras de Kulturele Haadstêd fan Europa.

Yn Patras stiet de Sint-Andréaskatedraal, dêr't reliken bewarre wurde fan 'e apostel Andréas.

De hjoeddeiske gemeente Patras ûntstie yn 2011 troch de fúzje fan 5 gemeenten, dy't no de gemeente Patras foarmje. Dy eardere gemeenten binne no dielgemeenten:

  • Messatida
  • Paralia
  • Rio
  • Vrachneika
  • Oi
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sifers Dímos Kastoriás