Patagoanyske kob
| Patagoanyske kob | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Chroicocephalus maculipennis | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel |
De Patagoanyske kob (Chroicocephalus maculipennis) is in miuwesoarte dy't foarkomt yn Súd-Amearika: yn Argentynje, it súdeasten fan Brazylje, Sily, Oerûguay en op 'e Falklâneilannen yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan. Lykas oare soarten út it skaai Chroicocephalus waard dizze soarte foarhinne yndield yn it brede skaai Larus.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folwoeksen fûgels hawwe yn 'e briedtiid in donkerbrune kop en kiel, mei in wyt heal moantsje efter it each, wylst de nekke, boarst en búk wyt binne. Yn it winterkleed ferdwynt de brune kap foar in grut part; der bliuwt allinnich in donker plak efter it each en in donker plak om it each hinne oer. De snaffel en poaten binne read en it each is donkerbrún. Der is gjin grut ferskil tusken mantsjes en wyfkes.
Jonge fûgels ha bûnte wjukken mei ljochtbrún, se hawwe in swarte einbân op 'e sturt, de poaten binne bleker oranje-read en de snaffel is oranje-read mei in donkere punt. Om't it fearrekleed in soad hat fan 'e nau besibbe kob (C. ridibundus), waard de soarte troch guon auteurs yn it ferline as in ûndersoarte dêrfan beskôge. Hjoed-de-dei wurdt de Patagoanyske kob lykwols as in aparte soarte erkend; de ferspriedingsgebieten fan 'e twa soarten oerlaapje inoar net.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte libbet yn Súd-Amearika en briedt yn Argentynje, Patagoanje (Sily), de Falklâneilannen en Oerûguay. Winterdeis wreidet it ferspriedingsgebiet him út nei de kusten fan Noard-Sily en Sintraal-Brazylje. It natuerlike habitat bestiet út swietwettermarren, tijsompen, rivieriggen en iepen fjilden.
It skaai wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Ekology en hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It binne tige sosjale fûgels. Harren dieet bestiet benammen út ynsekten, kreefeftigen, ies en iten dat se bemachtigje troch kleptoparasitisme (it stellen fan iten fan oare fûgels). Se stelle benammen krabben fan markels en skulpdieren fan strânljippen. It stellen fan dizze fûgels is foar de kobben 3,5 kear rendabeler by markels as by strânljippen. Se bouwe driuwende nêsten tusken wetterplanten oan 'e rânen fan puollen en marren. Ornaris wurde der trije oant fjouwer aaien lein.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De totale populaasje wurdt op likernôch 50.000 oant 100.000 pearkes rûsd; de soarte is it meast talryk yn Sintraal-Sily en East-Argentynje. De populaasje op 'e Falklâneilannen is lyts, mei mar likernôch 600 pearkes. Oannommen wurdt dat de populaasje fan 'e Patagoanyske kob groeit en de fûgel wurdt dêrom troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List set.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

