Springe nei ynhâld

Patagoanyske dûker

Ut Wikipedy
Patagoanyske dûker
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdûkereftigen (Podicipediformes)
famyljedûkerfûgels (Podicipedidae)
skaaidûkers (Podiceps)
soarte
Podiceps gallardoi
Rumboll, 1974
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel
     wintergast

De Patagoanyske dûker (Podiceps gallardoi) is in tige bedrige wetterfûgel út de famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De fûgel waard foar it earst yn 1974 wittenskiplik bekreaun troch Mauricio Rumboll.

It fearrekleed fan dizze likernôch 34 sm lange dûker is opfallend swart en wyt mei in kanielbrune en swarte túf en ek in fine dolkfoarmige snaffel. Beide skaaien ha itselde fearrekleed. It gewicht is likernôch 500 gram.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze soarte briedt op in pear marren yn basaltgebieten yn 'e binnenlannen fan Santa Cruz yn it meast súdwestlike part fan Argentynje. Syn habitat bestiet út sompen en wetterpartijen mei stilsteand wetter. De soarte wurdt ek oan kust sjoen. Patagoanyske dûkers briede yn koloanjes op in pear ôfhandige marren mei in rike begroeiïng oan 'e iggen yn 'e eastlike útrinners fan 'e Andes op hichten fan 500 oant 1200 m boppe de seespegel. Winterdeis sykje se baaien yn 'e lijte op oan 'e eastlike kust fan Argentynje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Balts fan Patagoanyske dûkers.

Yn 'e briedtiid swimme beide partners op inoar ta en pikke se yn 'e loft, wêrby't se mei de kop wylde op- en delgeande bewegingen meitsje. Se binne gefoelich foar wetterfersmoarging en fersteuring yn 'e briedtiid. De fûgel is in trekfûgel op koarte ôfstân. As de winter te kâld wurde en de wettergebieten fan 'e briedgebieten tichtfrieze, trekke se nei it easten ta om te oerwinterjen.

De totale populaasje waard healwei de jierren 1980 op 3.000 oant 5.000 fûgels rûsd. De grutte fan 'e populaasje waard op basis fan tellingen út 2015/2018 troch BirdLife International rûsd op 650 oant 800 folwoeksen yndividuen. Dat is in tebekgong fan 78,3% oant 84% fan 'e wrâldpopulaasje. Oannommen wurdt dat de populaasjetrend no (2026) stabyl is, mar de sitewaasje is wif. De lytse populaasje hat mei bedrigingen te krijen lykas predaasje troch kelpmiuwen, mar foaral fan 'e Amerikaanske nerts. De yntrodusearre Amerikaanske nerts is in grutte bedriging foar de Patagoanyske dûker en is sûnt 2010-2011 foar it earst op it Buenos Aires-plato oanwêzich. Dit slûchslimme rôfdier makket in soad slachtoffers ûnder piken en folwoeksen fûgels en kin maklik hiele koloanjes yn ien kear útrûgje. Fierder foarmje it oerbeweidzjen fan skiep, wêrtroch't de iggebegroeiïng feroaret of ferdwynt, en jiskerein by fulkaanútbarstingen in gefaar foar de fûgel. Dêrfandinne is de IUCN-status fan dizze fûgel krityk (Critical Endangered).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: