Amerikaanske fjilddowen
Appearance
(Trochferwiisd fan Patagioenas)
| Amerikaanske fjilddowen | ||
| bânsturtfjilddowen | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | do-eftigen (Columbiformes) | |
| famylje: | dowen (Columbidae) | |
| skaai | Amerikaanske fjilddowen (Patagioenas) | |
| Reichenbach, 1853 | ||
| Soarten | ||
| ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● | ||
Amerikaanske fjilddowen (Patagioenas) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje dowen (Columbiformes). Alle soarten yn it skaai komme foar yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, ynklusyf de Karibyske eilannen. Ut genetyske analyses docht bliken dat se in evolusjonêre susterline foarmje fan fjilddowen fan 'e Alde Wrâld (Columba), lykas de hôfdo of rotsdo.
It binne faak grutte oant middelgrutte dowen, mar wat slanker as de fjilddowen fan 'e Alde Wrâld. Harren biotoop bestiet út ferskillende soarten iepen of heal-iepen gebieten (iepen bosk, savanne's parkeftich lânskip, agrarysk gebiet, mar gjin reinwâld) en se binne minder te sjen yn stêden as de fjilddowen fan 'e Alde Wrâld).
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai bestiet út 17 soarten:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Status * / trend * |
|---|---|---|---|
| Bânsturtfjilddo | Patagioenas fasciata | net bedrige | |
| Bleateachfjilddo | Patagioenas corensis | net bedrige stabyl[2] | |
| Goodson fjilddo | Patagioenas goodsoni | net bedrige | |
| Hispanjoalafjilddo | Patagioenas inornata | hast bedrige | |
| Karibyske fjilddo | Patagioenas caribaea | kwetsber | |
| Koartsnaffelfjilddo | Patagioenas nigrirostris | net bedrige | |
| Leadgrize fjilddo | Patagioenas plumbea | net bedrige | |
| Perûviaanske fjilddo | Patagioenas oenops | hast bedrige | |
| Picazurofjilddo | Patagioenas picazuro | net bedrige | |
| Pjukkele fjildo | Patagioenas maculosa | net bedrige | |
| Poarperfjilddo | Patagioenas subvinacea | net bedrige | |
| Readhalsfjilddo | Patagioenas squamosa | net bedrige | |
| Readsnaffelfjilddo | Patagioenas flavirostris | net bedrige | |
| Rôze fjilddo | Patagioenas cayennensis | net bedrige | |
| Sileenske fjilddo | Patagioenas araucana | net bedrige | |
| Skobbige fjilddo | Patagioenas speciosa | net bedrige | |
| Wytkroanfjilddo | Patagioenas leucocephala | hast bedrige |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
