Pastor

Dizze side giet oer it tsjerklike amt. Foar (de wittenskiplike namme fan) it skaai fan 'e rôze protters, sjoch: Pastor (skaai).
In pastor (mt.: pastoares; net te betiizjen mei in pastoar) is immen dy't binnen in parochy of tsjerklike gemeente soarch draacht foar de leauwenden. It wurd komt út it Latyn, dêr't it de betsjutting fan "hoeder" hat.
Roomsk-Katolike Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De titel fan pastor is yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke foarbeholden oan preesters en wurdt fral brûkt om 'e funksje oan te tsjutten fan preesters dy't wurkje yn sikehuzen en ferpleech- en fersoargingshuzen, mar gjin eigen parochy hawwe.
Yn 'e Nederlânske Roomsk-Katolike Tsjerke kaam de term 'pastor' yn gebrûk nei it Twadde Fatikaansk Konsylje (1962–1965). De oantsjutting waard foartiid inkeld yn protestantske fermiddens brûkt, benammen yn 'e Angelsaksyske lannen. Wol koene de roomsen teminsten al sûnt de Midsiuwen de oantsjutting 'pastoar', dy't fan presys deselde oarsprong komt as 'pastor', mar in oare betsjutting hat. (In pastoar is in roomsk-katolike preester dy't in parochy betsjinnet.) De yntroduksje fan 'e term 'pastor', dy't as minder klerikaal oanfield wurde soe, moast it ûnderskie tusken roomske en protestantske geastliken ferminderje.
Troch it belúnjend tal preesterroppings wurde tsjintwurdich almar mear leken ynskeakele yn sawol it pastoraat as foar ferskate oare taken binnen parochys en fersoargingsynstellings. Neffens kritisy wurdt dêrby de term 'pastor' ferkeard brûkt troch der sawol geastliken mei oan te tsjutten as leken dy't al of net fan beropswegen de pastorale soarch foar in beskate groep leauwenden behertigje (bgl. in jeugdpastor) of dy't de pastoar bysteane yn 'e pastorale soarch foar in parochy. It is wier dat pastoraal wurk(st)ers en diakens har winliken gjin pastor neame meie, mar op guon plakken yn Nederlân is it gebrûklik wurden om dat dochs te dwaan.
Protestantisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Binnen it protestantisme wurdt de term 'pastor' yn guon denominaasjes brûkt as in synonym foar dûmny. Dat wurdt benammen yn 'e Feriene Steaten en oare Angelsaksyske lannen dien, mar deselde gewoante is ûnderwilens ek trochkrongen nei beskate tsjerkegenoatskippen op it Jeropeeske fêstelân.
Oekumenyske gedachte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In oare kontekst wêryn't de term 'pastor' brûkt wurdt, is dy fan oekumenyske gemeenten. It is nammentlik in wurd dat sawol foar preester of pastoar as foar dûmny brûkt wurde kin. Dêrom wurdt it bygelyks hantearre yn guon kristlike studintemienskippen mei sawol roomske as protestantske geastlik fersoargers.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
