Springe nei ynhâld

Karakûmmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer zarudnyi)
Karakûmmosk

mantsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer zarudnyi
Pleske, 1896
IUCN-status: net bedrige

De Karakûmmosk of Aziatyske woastynmosk (Passer zarudnyi) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

De Aziatyske woastynmosk neffens de ûndersoarten fan 'e woastynmosk.

De Karakûmmosk is in lyts moskfûgel fan 13,5 oant 15 sintimeter en liket in soad op syn neiste sibbe, de woastynmosk (Passer simplex), en hat ek in ljocht fearrekleed mei in swart boarstplak. De Karakûmmosk hat lykwols in dúdliker swart masker, in wite foarholle en mear grize as sânkleurige boppedielen. Dêrnjonken is de sturt langer en binne de wjukken koarter.

De skaaien fan 'e Karakûmmosk ha fierder itselde fearrekleed (wylst dy fan 'e woastynmosk fan inoar ferskille).

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte wurdt allinnich yn Oezbekistan en Turkmenistan oantroffen. Eartiids kaam de fûgel ek yn eastlik Iran foar, dêr't er sûnt 1901 net mear waarnommen is. Earder waard de soarte as in ûndersoarte fan 'e woastynmosk beskôge, mar nei stúdzjes wurdt de fûgel jimmeroan faker as aparte soarte ûnderskieden. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Karakûmmosk mei in jonge fûgel.

De Karakûmmosk komt foar yn ferlitten rotsige of sânige gebieten mei fersprate beammen en strûken. Hy yt meast sied fan woastynstrûken en begroeiïng fan 'e grûn, fral fan 'e Aristida pennata. De fûgel briedt faak twa kear en docht dat allinnich of yn koloanjes fan april oant augustus.

It ferspriedingsgebiet is relatyf grut. Der wurdt oannommen dat de soarte yn oantal ôfnimt fanwegen habitatferneatiging, mar net sa slim om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, ), mar dêrby wurdt oantekene dat fierdere stúdzjes nedich binne om de bedrigingsstatus krekter te beöardieljen. De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel wurdt as seldsum omskreaun.

De Karakûmwoastyn is in woastyn yn súdwestlik Sintraal-Aazje dêr't de fûgel foarkomt. De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel eart Nikolai Aleksejevitsj Zarûdny (1859–1919), in Russyske soölooch en samler fan eksimplaren yn Turkestan en Perzje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: