Springe nei ynhâld

Woastynmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer simplex)
Woastynmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer simplex
Lichtenstein, 1823
IUCN-status: net bedrige

De woastynmosk (Passer simplex) is in sjongfûgel út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

De woastynmosk is mei 13 oant 14,5 sm in lytse mosk en mei in bleekgrize boppekant, in swarte slabbe en in swarte team. De ûnderkant hat in sânkleur en de wjukken ha wite plakken. It wyfke is mear effen ljochtbêzje mei in blekere ûnderkant en mist de swarte slabbe fan it mantsje. Op 'e wjuk hat it wyfke brúngrize yn stee fan 'e hast swarte markearrings op 'e wjuk by it mantsje. De rop is in frij djippe "tsjirp".

De ûndersoarten fan 'e woastynmosk neffens de Passer zarudnyi

De woastynmosk komt foar yn Noard-Afrika en is ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

De Sintraalaziatyske Karakûmmosk (Passer zarudnyi) waard earder as in ûndersoarte fan 'e woastynmosk behannele, mar wurdt no algemien as in aparte soarte ûnderskieden.

It habitat fan 'e fûgel bestiet út woastyn en gerslân. Yn grutte stêden komt de fûgel net foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaikes.

De fûgel libbet yn oäzes yn 'e woastyn, tichteby gewaaks. Hy briedt fan febrewaris oant augustus, mar meast fan healwei oant ein maart. It nêst wurdt yn in holte boud.

De soarte hat in grut, mar fragmintearre ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen ôfnimt, mar noch net sa bot om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de fûgel is net algemien.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: