Rustmosk
| Rustmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer motitensis | ||||||||||||
| Smith, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De rustmosk of roastmosk (Passer motitensis) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 15 oant 16 sintimeter lange mantsje fan 'e rustmosk hat in griiseftige kroan, in grize nekke en grize wangen, in foarse snaffel en readbrune boppedielen mei in ljochtgrize ûnderkant. Tusken de boppekant fan it each en de snaffel sit in griis plak. It wyfke hat in blekere kop mei in swarte team en boppe it each nei efteren in sânkleurige wynbraustreek.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn súdlik Afrika en hat trije ûndersoarten:
- Passer motitensis benguellensis: súdwestlik Angoala en noardwestlik Namybje.
- Passer motitensis motitensis: Namybje, westlik en sintraal Botswana en noardwestlik Súd-Afrika.
- Passer motitensis subsolanus: eastlik Botswana, súdwestlik Simbabwe, noardlik, sintraal en noardeastlik Súd-Afrika.
De rustsmosk libbet yn drûge boskeftige savannes en komt ek yn stêden foar.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
