Springe nei ynhâld

Moäbmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer moabiticus)
Moäbmosk

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer moabiticus
Tristram, 1864
IUCN-status: net bedrige

De Moäbmosk (Passer moabiticus) is in sjongfûgel út 'e famylje moskfûgels (Passeridae). De soarte libbet yn it bibelske keninkryk Moäb, in gebiet eastlik fan 'e Deade See yn it hjoeddeiske Jordaanje.

De Moäbmosk is in frij lyts moskje fan 12 oant 13 sm lang mei in grize krún, efterholle en wangen. It mantsje hat swarte slabbe, in ljochtbêzje nei efteren ta kanielkleurige wynbraustreek en wat giel op 'e sydkant fan 'e hals. It wyfke hat wat minder giel oan 'e hals en hat in soad fan in lytse en blekere úfiering fan 'e húsmosk.

De Moäbmosk komt foar oan beide kanten fan 'e Jordaan, it gebiet om 'e Reade See hinne en fierder oant Irak, Iran en it westen fan Afganistan. Op it Arabysk Skiereilân, yn Grikelân en op Syprus is de soarte in dwaalgast. Oer it trekgedrach is net in soad bekend, de eastlike populaasje oerwinteret yn Pakistan.

Yn 'e 20e iuw hat de soarte syn ferspriedingsgebiet útwreide. Sûnt 1973 oant de jierren 1980 briede de soarte ek by in sâltmar op Syprus, mar mei't de mar útdrûge ferdwûn dêr ek de Moäbmosk.

Fan 'e Moäbmosk wurde trije ûndersoarten erkend:

  • P. m. moabiticus: Israel en Jordaanje
  • P. m. mesopotamicus: fan súdlik Turkije en noardlik Syrje oant súdwestlik Iran en Irak.
  • P. m. yatii: súdeastlik Iran en súdwestlik Afghanistan.

It habitat bestiet út drûch gerslân mei tamarisken en oare strûken tichteby wetter. De Moäbmosk is net in fûgel fan doarpen en stêden en is boppedat frijwat skou.

In rûzing út 2021 hâldt de wrâldpopulaasje op 20.000 oant 60.000 folwoeksen fûgels en oannommen wurdt dat de ûntwikkelingstrend stabyl is. Dêrfandinne wurdt de soarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: