Springe nei ynhâld

Kaapske mosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer melanurus)
Kaapske mosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer melanurus
Statius Müller, 1776
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel

De Kaapske mosk (Passer melanurus) is in sjongfûgel yn 'e famylje moskfûgels (Passeridae). De fûgel libbet yn súdlik Afrika en is yn it Afrikaansk bekend as mossie.

De mantsjes fan 'e nominaat Passer melanurus melanurus binne foar it grutste part swart op 'e kop, mei boppe it each nei efteren ta in brutsen wyt plak. De boppedielen fan 'e soarte binne meast griis mei kastanjebrún. Oer it boarst rint in brede swarte bân dy't it swart op it kin rekket en fierder is de fûgel ûnder ljocht fan kleur.

Wyfkes ha in griisbrune kop mei in krêmkleurige streek boppe it each nei efteren ta. De rest fan 'e boppedielen binne lykas dy fan it mantsje. Oer de hals rint in ljochte krêmkleurige bân. De ûnderkant is wyteftich.

Jonge fûgels ha in soad fan 'e wyfkes, mar binne oan 'e boppekant wat bruner en binne fierder wat bleker op it gesicht, it boarst en de kiel.

mantsje
wyfke

De soarte libbet yn súdlik Afrika fan 'e sintrale kust fan Angoala yn it westen oant eastlik Súd-Afrika en Swazylân yn it easten. Hy is ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Passer melanurus damarensis – komt foar fan súdwestlik Angoala oant Namybje en eastlik oant Simbabwe en noardlik Súd-Afrika (Noardlike Kaapprovinsje, Noardwestprovinsje en noardlike Limpopoprovinsje )
  • Passer melanurus melanurus - komt foar yn súdwestlik Súd-Afrika (súdlik Noardkaap eastlik oant de provinsje Frijsteat)
  • Passer melanurus vicinus – komt foar yn eastlik Súd-Afrika (súdlik Limpopo oant eastlik Frijsteat, KwaZulu-Natal en Eastkaap) en Lesoto.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte libbet op healdrûge savannes, kultivearre gebieten en yn stêden. Hy yt benammen sied en dêrnjonken wat ynsekten en sêfte plantedielen. De fûgel briedt normaal yn koloanjes en as er net briedt, sammelet er him yn grutte nomadyske kloften om te foerazjearjen. It nêst wurdt boud yn in beam, in strûk, in holte of in ferlitten nêst fan in oare soarte. It lechsel bestiet út trije of fjouwer aaien. Beide âlden dogge mei oan it brieden fan it bouwen fan it nêst oant it grutbringen fan 'e jongen. De soarte is algemien yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet en libbet ek yn stedske omjouwings tegearre mei de twa nau besibbe soarten, de húsmosk en de griiskopmosk.

De populaasje fan 'e Kaapske mosk is net ôfnommen en de soarte wurdt net bedrige troch minsklike aktiviteiten. Dêrom wurdt de Kaapske mosk troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, ) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: