Kaapverdyske mosk
| Kaapverdyske mosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer iagoensis | ||||||||||||
| Gould, 1838 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De kaapverdyske mosk (Passer iagoensis; synonimen: Pyrgita jagoensis, Passer brancoensis, Passer erthrophrys) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapverdyske mosk is in lytse mosk mei in lingte fan 12,5–13 sm. Hy hat in soad fan 'e húsmosk. It mantsje hat in griisswarte kroan en eachstreek, in grize nekke en in lyts wyt plakje ûnder op 'e foarholle. De kop hat in kanieleftige kleur, fral boppe it each. De wangen en ûnderkant binne ljochtgriis mei in lyts swart plakje ûnder de snaffel op it boarst. De skouders binne brún en wyt, wylst de rest fan 'e boppekant swart- en bêzje streke is.
It wyfke is is griisbrún mei swartstreke wjukken en boarst en in ljochtgrize ûnderkant. Se hat in soad fan it wyfke fan 'e húsmosk, mar mei in dúdlikere ljochtbrune wynbraustreek.
Jonge fûgels ha in soad fan it wyfke, mar jonge mantsjes ha al mear kastanjebrún en in begjin fan 'e lytse swarte slabbe op it boarst.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Kaapverdyske eilannen, mar de fûgel ûntbrekt op it eilân Fogo en hy is seldsum op Santa Luzia, Branco en Sal.
Yn 2013 liften fjouwer Kaapverdyske mosken mei it skip de Plancius mei nei Nederlân. De fûgels wienen ôfkomstich fan it eilân Razo en kamen yn Hansweert op Súd-Bevelân oan. It wie de earste kear dat de fûgels yn Nederlân te sjen wienen.[1]
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapverdyske mosk wurdt sawol by it foerazjearjen as by it brieden yn groepkes sjoen. Bûten it briedseizoen wurdt er altyd yn kloften sjoen, faak mei oare soarten. De soarte is net skou en kin frij goed benei kommen wurde. Op it isolearre en ûnbewenne eilân Razo is de fûgel tige nuet en komt er sels by minsken sûnder benaud te wêzen.
De Kaapverdyske mosk begjint yn augustus en septimber yn ferbân mei it reinseizoen te brieden. It briedseizoen kin oanpast wurde oan it waar. De fûgel briedt yn losse, lytse koloanjes fan maksimaal 10 pearen. It nêst wurdt yn in gat of rotsspjalt of muorre boud. It wyfke leit trije oant fiif aaien en briedt se foar it measte sels út. Nei't de jongen útflein binne, is it mantsje mear syn neiteam belutsen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't it ferspriedingsgebiet fan 'e Kaapverdyske mosk beheind is en de soarte dus gefoelich is foar feroarings yn it habitat, wurdt er as net bedrige (Least Concern, 2024) beskôge troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN). Der is gjin rûzing fan 'e folsleine populaasje, mar de fûgel wurdt oer it generaal omskreaun as algemien oant frij algemien.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
