Spaanske mosk
| Spaanske mosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer hispaniolensis | ||||||||||||
| Temminck, 1820 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Ferspriedingsgebiet neffens ûndersoarte en hybridisaasje. |
De Spaanske mosk (Passer hispaniolensis) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It mantsje fan 'e soarte is ienfâldich te ûnderskieden fan 'e húsmosk (Passer domesticus). De soarten binne mei 14 oant 16 sm like grut, mar de Spaanske mosk hat lykas de fjildmosk in kastanjebrune kroan. Yn 'e briedtiid hat it mantsje lykas de húsmosk in donkere slabbe, mar nei ûnder ta giet dat by de Spaanske mosk oer yn swarte streekjes. Ek op 'e rêch is it mantsje swart streke (dêr't de húsmosk swart en brún streke is). Fierder hat de Spaanske mosk in smelle wite wynbraustreek en wite wangen, dat by de húsmosk griis is sûnder wynbraustreek. Winterdeis bliuwe de swarte streken op it boarst en de búk, mar redusearre oanwêzich. It wyfke is dêrfoaroer yn it fjild dreech te ûnderskieden fan 'e húsmosk.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de namme tinken docht komt de fûgel net algemien en oeral yn Spanje foar. Der binne twa ûndersoarten:
- P. h. hispaniolensis (Ibearysk skiereilân, oanbuorjende eilannen yn 'e Atlantyske Oseaan, Noardwest-Afrika en Súdeast-Europa oant yn westlik Turkije.
- P. h. transcaspicus (Midden-Easten oant yn it suden fan Kazachstan, Afganistan en it westen fan Sina).
It habitat bestiet út gebieten mei wetter en in soad strûken en beammen, faak by delsettings. Dêr't de húsmosk ôfwêzich is, lykas op Malta, Sardynje, Madeira en de Kanaryske Eilannen, nimt de Spaanske mosk syn plak yn bewenne gebieten yn. De ûndersoarte P. h. transcaspicus komt ek foar yn drûgere gebieten en yn Afganistan oant 2750 m boppe seenivo. De fûgels trekke winterdeis nei Noard-Afrika, it Arabysk skiereilân en Yndia.
Noardlik fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel in seldsume dwaalgast.
De Spaanske mosk is tige nau besibbe oan 'e húsmosk. Yn dielen dêr't de soarten byinoar komme, kruse se faak, wêrtroch't tuskenfoarmen ûntsteane. Oant koartlyn waard it takson italiae ek faak as in hybride foarm tusken de Spaanske mosk en de hûsmosk behannele. DNA-stúdzjes befêstigje dat, mar italiae is reproduktyf isolearre fan sawol de húsmosk as de Spaanske mosk en dêrom wurdt er no as de Italjaanske mosk (Passer italiae ) as in aparte soarte behannele.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet komt de Spaanske mosk njonken de húsmosk foar. Beide soarten briede yn kultuerlânskip, mar de Spaanske mosk liket in foarkar te hawwen foar wietere gebieten. De Spaanske mosk briedt heech yn beammen yn koloanjes, somtiden brûkt er ek nêsten fan grutte fûgels fan bygelyks earrebarren en rôffûgels.
Lykas oare mosken yt er benammen sied, mar ek mei fruit en oar plantemateriaal. De jongen wurde meast mei ynsekten fuorre.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjegrutte waard yn 2015 op rûchwei 61 oant 131,5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. De ûntwikkeling fan 'e soarte is lykwols ôfnimmend. De Spaanske mosk stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2019) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Mosk
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
