Springe nei ynhâld

Tsjoksnaffelmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer gongonensis)
Tsjoksnaffelmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer hispaniolensis
Temminck, 1820
IUCN-status: net bedrige

De tsjoksnaffelmosk (Passer gongonensis) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

De tsjoksnaffelmosk is in grutte mosk fan 18 sintimeter lang en weaget 42 gram. It is de grutste mosk yn it skaai. Hy hat in grize kop en ûnderkant en is brún op 'e rêch en wjukken mei oranjebrún op 'e boppestút. De fûgel hat in soad fan 'e jiskemosk en de noardlike griiskopmosk, mar is grutter mei in foarsere snaffel en in tsjusterder ûnderkant.

De fûgel komt yn drûge leechlângebieten fan súdeastlik Súd-Sûdan, súdlik Etioopje, eastlik Uganda, súdlik Somaalje, Kenia en noardeastlik Tanzania foar en wurdt faak as in ûndersoarte fan 'e húsmosk behannele en guon dogge dat noch jimmeroan.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte wurdt yn drûge gebieten mei toarnstrûken en iepen bosk oantroffen. Somtiden wurdt er ek by gebouwen waarnommen.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is grut en de populaasjeûntwikkeling is stabyl. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: