Springe nei ynhâld

Arabyske goudmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer euchlorus)
Arabyske goudmosk

Mantsje en wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer euchlorus
Bonaparte, 1851
IUCN-status: net bedrige

De Arabyske goudmosk (Passer euchlorus) is in fûgel út 'e famylje fan ' e moskfûgels (Passeridae). De soarte is lânseigen op it súdwestlike Arabyske Skiereilân en in lyts gebiet yn 'e Hoarn fan Afrika.

Arabyske goudmosken binne giele fûgels mei in lingte fan 13 sintimeter. Earder waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e brúnrêchgoudmosk (Passer luteus) behannele, mar de mantsjes fan Arabyske goudmosken binne donkerder giel as de brúnrêchgoudmosk, dy't mear nei sitroengiel skaaid. De rêch is ek giel, wylst dy by de brúnrêchgoudmosk kastanjekleurich is. De swarte fearren op 'e wjukken ha wite rânen. It wyfke yn briedkleed is grienichgriis fan boppe, bleekgiel fan ûnder en bûten it briedseizoen brúnichgriis fan boppe en bêzjewyt fan ûnder mei giel op 'e kiel.

Mantsje fan 'e soarte neffens syn neiste sibben. F.l.n.r. Arabyske goudmosk, brúnrêchgoudmosk (P. luteus), kastanjemosk (Passer eminibey).

De fûgel komt foar in part op it súdwestlike Arabyske Skiereilân foar yn súdwestlik Saûdy-Araabje en westlik Jemen en foar in part yn Dzjibûty en noardwestlik Somaalje. Waarnimmingen yn Koeweit binne mooglik ûntsnapte koaifûgels. De fûgel wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arabyske goudmosken libje yn drûge savanne's mei toarnbosken en oangrinzgjend lânbougebiet. It is in tige sosjaal fûgeltsje en hy siket yn lytse kloften nei gerssied en nôt, benammen fan Sorghum bicolor. De soarte briedt yn koloanjes nei alle gedachten yn kombinaasje mei de rein, yn Jemen fan maart oant july en yn Dzjibûty fan maart oant maaie.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt net as bedrige beskôge. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de fûgel wurdt as gewoan of lokaal gewoan beskreaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: