Springe nei ynhâld

Kastanjemosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer eminibey)
Kastanjemosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer eminibey
Hartlaub, 1880
IUCN-status: net bedrige

De kastanjemosk (Passer eminibey) is in fûgel út 'e famylje fan ' e moskfûgels (Passeridae) yn it skift moskeftigen (Passeriformes).

De kastanjemosk mjit trochstrings alve sintimeter en is dêrmei de lytste soarte yn 'e moskfûgelfamylje. It mantsje is folslein kastanjebrún mei in donkerder kopke. It wyfke is rustbrún op 'e rêch, meast griis op 'e kop en mei in ljochte ûnderkant. It mantsje hat fan 'e kastanjewever (Ploceus rubiginosus), mar is folle lytser mei in lytsere snaffel. It wyfke liket op it wyfke fan 'e húsmosk en de Somalyske mosk (Passer castanopterus), mar is riker fan kleur.

De fûgel komt foar fan Sintraal-Tsjaad, súdwestlik Sûdan, Súd-Sûdan en súdwestlik Etioopje oant noardeastlik Uganda, Kenia en sintraal en eastlik Tanzania. Hy wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kastanjemosk libbet yn relatyf drûge savanne's en yn iepen boskgebieten. De fûgel briedt yn koloanjes en wurdt meastentiids sjoen yn kloften, soms grut en mingd mei oare fûgelsoarten.

Kastanjemosken ha in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018).

De fûgel waard foar it east yn 1880 troch Gustav Hartlaub as Sorella emini bey beskreaun. De spesifike namme ferwiist nei de út Dútslân ôfkomstige gûverneur fan 'e doetiidske Egyptyske provinsje Ekwatoria Eduard Schnitzer, dy't yn it Osmaanske Ryk as Emin Pasja of Emin Bey bekend woarn wie.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: