Readkopmosk
| Readkopmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer cinnamomeus | ||||||||||||
| Gould, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
grien: stânfûgel giel: simmerfûgel blau: wintergast |
De readkopmosk (Passer cinnamomeus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt sa 14 oant 15 sm lang en weaget 18 oant 22,5 gram. Hy hat in tsjokke snaffel, dy't geskikt is sied te iten. De spanwiidte fan mantsjes fariearret tusken 6,8 en 8,2 sm en dy fan wyfkes tusken 6,7 en 7,7 sm.
It mantsje hat in heldere kastanjebrune kroan en rêch, in wyteftich wang, in smel swart plak oer de kiel en in ljochtgrize búk. It wyfke is brúneftich mei brede streken op 'e boppekant, ljocht fan ûnder mei wite wjukstreken en in brede ljochtbrune wynbraustreek. De iris is kastanjebrún en de poaten binne ljochtbrún oant rôze-eftich brún.
De ôfmjittingen tusken de ûndersoarten fan 'e readkopmosk ferskille geografysk en ek binnen de Himalaya-ûndersoarte cinnamomeus, dy't oer it generaal wat grutter is as de oare ûndersoarten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn dielen fan East-Aazje en de Himalaya en hat trije ûndersoarten:
Hâlden en ddragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte yt benammen sied fan krûden en nôt, mar benammen yn 'e briedtiid ek beien en ynsekten. Hy briedt yn pearkes en net mei oare fûgels. Bûten de briedtiid foarmet er kloften. Yn dielen fan it ferspriedingsgebiet is it in trekfûgel, dy't teminsten tusken ferskate hichten migrearret. It nêst wurdt boud yn in gat yn in beam, yn in rots of yn in gebou. It lechsel bestiet út fiif of seis witige aaien. Beide âlden briede en bringe de jongen grut.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis dêrfan kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De soarte wurdt omskreaun as lokaal gewoan oant gewoan, mar yn in diel fan syn ferspriedingsgebiet seldsum (Clement 1999).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Mosk
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
