Springe nei ynhâld

Somalyske mosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer castanopterus)
Somalyske mosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer castanopterus
Blyth, 1855
IUCN-status: net bedrige

De Somalyske mosk (Passer castanopterus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

De Somalyske mosk is in 13 oant 14 sm lange fûgel en nau besibbe oan 'e húsmosk. It mantsje ferskilt dêrfan (en ek fan 'e Masaimosk, dêr't er it ferspriedingsgebiet mei dielt) troch syn kastanjebrune kroan en nekke yn stee fan griis. Dêrnjonken hat er ek giele tinten op 'e wangen en ûnderkant. It wyfke hat in soad fan it wyfke fan 'e húsmosk, mar in gielige búk. De donkere eagen en de mear kleurleaze boppekant sûnder kastanjebrún ûnderskiedt it wyfke fan it wyfke fan 'e Masaimosk.

De fûgel komt foar yn Somaalje, Dzjibûty, Etioopje en Kenia.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • P. c. castanopterus (Blyth, 1855) - Dzjibûty, Somaalje en eastlik Etioopje
  • P. c. fulgens (Friedmann, 1931) – súdlik Etioopje, en noardlik Kenia (súdlik oant Kapedo en Marsabit).

Somtiden wurdt de fûgel as deselde soarte as de readkopmosk beskôge, mar de oerienkomsten yn fearrekleed en morfology fan 'e soarten binne ynstee fan nauwe sibskip nei alle gedachten mear it resultaat fan konverginte evolúsje, wêrtroch't de natuerlike seleksje laat ta deselde oanpassingen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis dêrfan kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt as gewoan oant tige algemien omskreaun, mar seldsum yn noardlik Kenia.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: