Saksaûlmosk
| Saksaûlmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer ammodendri | ||||||||||||
| Gould, 1872 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Saksaûlmosk (Passer ammodendri) is in fûgel út 'e famylje fan ' e moskfûgels (Passeridae). De namme ferwiist nei de saksaûlplant (Haloxylon spp.), dêr't dizze fûgel mei assosjearre wurdt.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De saksaûlmosk is mei in lingte fan 14 oant 16 sm en in gewicht fan 25–32 gram ien fan 'e grutste mosken. Syn spanwiidte fariearret fan 7,1 oant 8,1 sm en mantsjes binne oer it generaal grutter as wyfkes. De poaten binne ljochtbrún of ljochtbrúnrôze. De snaffel is ljochtgriis by in jonge fûgel en ljochtgiel mei in swarte punt by in briedend wyfkes en folslein swart yn it briedkleed fan it mantsje.
De markearing op 'e kop makket it maklik om de fûgel yn it fjild te werkennen. It fearrekleed is dof mei grize en waarme sânbrune tinten, mei wat ferskaat tusken de ûndersoarten. De ûndersoarte ammondendri hat in sângrize tint, wylst nigricans donkerder is en stolickae in waarmere tint hat.

It folwoeksen mantsje hat in krêftige koptekening mei fan 'e snaffel oant de nekke in swarte sintrale streek oer de krûn en in swarte eachstreek. Ek hat de fûgel in opfallend swart plak op 'e kiel, dy't boppe smel is en ûnder breder wurdt. De sydkanten fan 'e krún en de nekke binne ljocht readbrún. De wang is ljochtgriis of ljocht griisbrún en de ûnderkant is wyteftich. De rêch is griis of waarmbrún mei fariabele swarte streekjes. De skouders ha finere swarte streekjes. De smelle sturt fan it mantsje is brún mei in ljochtere rânen en fearrepunten. De middelste wjukdekfearren binne swart mei wite fearpunten, wylst de oare wjukdekfearren fariable brún of swart binne mei readbrune fearpunten en grize rânen. In net-briedend mantsje hat in wat ljochter fearrekleed.
It fearrekleed fan it wyfke liket in soad op dat fan it mantsje, mar is ljochter en doffer. It is oer it generaal sângriis of brún, mei ferlykbere boppedielen as it mantsje en in wyteftige ûnderkant. De koptekening fan it wyfke yn 'e ûndersoarten ammodendri en nigricans is griiseftich mei tsustere plakken op 'e foarholle, efter it each en op 'e kiel. It wyfke yn 'e ûndersoarte stoliczkae is readrún mei de wite kiel, in opfallende ljochte wynbraustreek, in tsjusterder farholle en ljochtere wangen.
It fearrekleed fan 'e juvenyl liket op dat fan it wyfke, mar mist de donkere plakken op 'e kiel en de krún. Folwoeksen fûgels begjinne yn july mei ferfearjen en binne dêrmei klear yn augustus en begin septimber.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- P. a. ammodendri - De nominaatfoarm komt foar yn trije fan 'e seis ferspriedingsgebieten fan 'e soarte. Ien fan dizze ferspriedingsgebieten is it Syr Darja-bekken yn Kazachstan en Oezbekistan. It twadde ferspriedingsgebiet leit fan it súdlike diel fan 'e Balkasjmar oant noardlik fan Almaty. Yn dat ferspriedingsgebiet is de Saksaûlmosk lykwols allinich gewoan yn 'e delling om 'e rivier de Ili hinne. De populaasje fan it tredde ferspriedingsgebiet wurdt somtiden ek omskreaun as de ûndersoarte korejewi en briedt lokaal yn dielen fan Sintraal-Turkmenistan, Iran en faaks ek yn Afganistan. Dy populaasje migrearret foar de winter nei it suden.
- P. a. stoliczkae (Hume, 1884) - De ûndersoarte is isolearre fan 'e oare twa ûndersoarten en libbet yn 'e bergen fan Tian Shan. Hy komt foar yn in breed gebiet fan Sina, fan Kasjgar yn it easten oant de westlikste dielen fan Binnen-Mongoalje, yn gebieten om 'e Taklamakan hinne (mar wierskynlik net yn 'e ûngastfrijere dielen fan 'e woastyn sels) en yn eastlike dielen fan Xinjiang, noardlik Gansu en de oanbuorjende gebieten fan súdlik Mongoalje. Yn 'e westlikste dielen fan 'e Gobywoastyn is der noch in aparte populaasje en dy wurdt somtiden omskreaun as de ûndersoarte timidus.
- P. a. nigricans (Stepanyan, 1961) - Dy ûndersoarte komt foar fan noardlik Xinjiang oant de Manasi-rivier yn it suden.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn woastyngebieten foar yn 'e buert fan rivieren en oases, dêr't er meast sjoen wurdt by strûken en beammen lykas saksaûl (Haloxylon), popelbeammen (Populus) en tamariskstrûken (Tamarix). Bytiden wurdt er ek by delsettings en op nôtfjilden sjoen, fral winterdeis.
It dieet fan 'e soarte bestiet meast út sied, faak fan saksaûlbeammen. Hy yt fral yn 'e briedtiid ek ynsekten, lykas krobben, sprinkhoannen en larven. Se foerazjearje yn 'e beamkrunen, strûken en op 'e grûn.
Winterdeis komt de soarte yn groepen foar en yn 'e maitiid foarmje se yn 'e groep pearkes, dy't yn april de groep ferlitte. De soarte is yn it briedseizoen minder sosjaal as in soad oare mosken en pearkes briede meastentiids allinnich, mar it komt ek foar dat se wol yn groepkes briede of mei oare soarten. It briedseizoen is koart en rint fan maaie oant july en de earste aaien komme yn april en juny út. It nêst wurdt meast yn beamholtes boud. In lechsel bestiet út fiif oant seis aaien en der binnen meastentiid twa lechsels it jier. It brieden is fral de taak fan it wyfke, wylst it mantsje it nêst fral bewekket. Nei it útkommen fan 'e aaien soargje beide âlden foar de piken, dy't om de 4 oant 12 minuten fuorre wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt op mear lokaasjes yn it grutte ferspriedingsgebiet algemien foar en dêrom wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre. De soarte liket lykwols grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet ferlern te hawwen troch yntinsivere lânbou en it oerbeweidzjen fan fee. Oannommen wurdt dat de populaasje op it stuit stabyl is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
