Springe nei ynhâld

Mosken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Passer)
Mosken
Passer domesticus
Passer domesticus
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famylje:moskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
Brisson, 1760

It fûgelskaai echte mosken (Passer) heart ta de famylje moskfûgels (Passeridae) en omfiemet ek de by ús bekende húsmosk (Passer domesticus) en fjildmosk (Passer montanus).

De soarte komme foar yn Euraazje en Afrika, mar in pear soarten (fral de húsmosk) komme troch yntroduksje ek yn oare dielen fan 'e wrâld foar.

Echte mosken binne lytse oant middelgrutte sjongfûgels fan 12 oant 17 sintimeter. Se ha koarte poaten en in sterke, tsjokke snaffel dy't oanpast is oan it iten fan sied. Yn 'e briedtiid ite de mosken foar it grutbringen fan 'e jongen ek ynsekten. It binne lykwols opportunistyske iters en se meitsje ek gebrûk fan iten dat minsken oanbiede.

Mosken binne sosjaal en libje faak yn groepen of koloanjes. Bûten it briedseizoen foarmje se ek grutte swarmen. In soad soarten binne echte kultuerfolgers en hawwe har goed oanpast oan it libben yn stêden en agraryske gebieten. In soad soarten binne kultuerfolgers.

De nêsten fan mosken sitte yn holtes fan beammen, gebouwen en nêstkasten. It nêst bestiet út gers, strie, fearkes en oar sêft materiaal. De aaien binne faak ljocht mei donkere spikkels.

It fearrekleed fan 'e soarten bestiet meastentiids út brún, griis en swart. Yn 'e regel binne mantsjes wat kontrastriker as wyfkes. De sang is ienfâldich en bestiet út koarte ropkes, it tsjilpen.

It skaai telt 28 soarten:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mosken fan Wikimedia Commons.