Pasifyske iisfûgel
Pasifyske iisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Todiramphus sacer | ||||||||||||
Gmelin, 1788 | ||||||||||||
De Pasifyske iisfûgel (Todiramphus sacer) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte hat grut ferspriedingsgebiet op 'e Súd-Pasifyske eilannen. Earder waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e wytkraachiisfûgel beskôge.
Taskonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pasifyske iisfûgel waard yn 1788 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske natoerûndersiker Johann Friedrich Gmelin yn 'e oanpaste en útwreide edysje fan Carolus Linnaeus' "Systema Naturae". Dy sette de fûgel mei de oare iisfûgels yn it skaai Alcedo en stelde de binominale namme Alcedo sacra út. Gmelin basearre syn beskriuwing op 'e "hillige iisfûgel", dy't yn 1782 beskreaun en yllustrearre waard yn 'A General Synopsis of Birds' fan 'e Ingelske ornitolooch John Latham. Neffens Latham ferearden en beskermden de Polyneezjers de iisfûgel en dy beskreau de fûgel neffens in eksimplaar út it Leverian Museum yn Londen, dat tusken 1776 en 1780 troch James Cook op syn tredde reis nei de Stille Oseaan sammele wie. De typelokaasje waard yn 1919 troch Alexander Wetmore oanwiisd as it eilân Tongatapu.
De Pasifyske iisfûgel is no ien fan 'e 30 soarten fan it skaai Todiramphus, dat yn 1827 yntrodusearre waard troch René Lesson. It wurd Todiramphus kombinearret de skaainamme Todus mei it Aldgrykske rhamphos, itjinge snaffel betsjut. De spesifike tafoeging sacer is Latyn en betsjut hillich.
Foarhinne waard de fûgel as in ûndersoarten fan 'e wytkraachiisfûgel (Todiramphus chloris). In yn 2015 publisearre molekulêr-fylogenetyske stúdzje dy't konkludearre dat T. chloris parafyletysk wie. By de feroaringen om monofyletyske soarten te kreëarjen waard T. sacer promovearre ta in soarte en binne mear ûndersoarten fan T. chloris ferhûze nei T. sacer.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It fearrekleed is geografysk tige ferskillend. Meastentiids binne de boppedielen grien oant blau en is de ûnderkant wyt of bêzje-oranje. De measte populaasjes ha in oranje of bêzje streek by it each, dy't bygelyks ûntbrekt op it eilân Venikolo. Op Tonga en Samoä binne de fûgels folle witer, mei in brede wite wynbraustreek en lytse grieneftige kroan. De ûnderkant is suver wyt.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 22 ûndersoarten:
Fanûatû
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Todiramphus sacer torresianus: Torreseilannen.
- Todiramphus sacer santoensis: Bankseilannen en Espiritu Santo.
- Todiramphus sacer juliae: van Maewo oant Efate.
- Todiramphus sacer erromangae: Erromango.
- Todiramphus sacer tannensis: Tanna.
Salomonseilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Todiramphus sacer pavuvu: Pavuvu (Russell-eilannen).
- Todiramphus sacer mala: Malaita.
- Todiramphus sacer solomonis: Makira en oanbuorjende eilannen.
- Todiramphus sacer sororum: Olu Malau.
- Todiramphus sacer amoenus: Rennell-Bellona.
- Todiramphus sacer ornatus: Nendo en Tinakula.
- Todiramphus sacer brachyurus: Reefeilannen.
- Todiramphus sacer vicina: Duffeilannen.
Fidzjy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Todiramphus sacer vitiensis: Vanua Levu, Taveuni, Viti Levu, Koro, Ovalau en Gau
- Todiramphus sacer marinus: Lau-eilannen.
- Todiramphus sacer eximius: Kadavu
Polyneezje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Todiramphus sacer regina: Futuna
- Todiramphus sacer pealei: Tutuila (Amerikaansk-Samoä)
- Todiramphus sacer manuae: Ofu-Olosega en Ta'u (Manu'a-eilannen
- Todiramphus sacer sacer: sintraal en súdlik Tonga.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt benammen oan kustgebieten foar en hat in foarkar foar mangrovebosken, mar komt ek op agrarysk lân, yn iepen bosk, greide en tunen foar. Oars as de wytkraachiisfûgel wurdt de soarte fierder it lân yn waarnommen oant in hichte fan 1500 m.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN erkent de soarte net en dêrfandinne is de bedrige status net beöardiele.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|