Springe nei ynhâld

Parkyt

Ut Wikipedy
In blauwe gersparkyt (Melopsittacus undulatus).

Parkyt (mt.: parkiten) is in algemiene oantsjutting foar in protte middelgrutte oant lytse soarten pappegaai-eftigen. It is taksonomysk sjoen gjin jildige beneaming, mei't de fûgels dy't sa neamd wurde út ferskate famyljes en skaaien komme en net needsaaklikerwize nau oaninoar besibbe binne. It wurd "parkyt" is in lienwurd út it Frânsk, fan it Midfrânske perroquet. Hoewol't men dy stavering soms noch tsjinkomt, is de skriuwwize paroquet of paraquet tsjintwurdich gebrûkliker.

Der binne yn totaal sa'n 115 ûnderskate soarten parkiten. Dy hawwe mei-inoar gemien dat se lytseftige pappegaaien binne, mei in ranke lichemsbou en ornaris lange sturtfearren. It binne herbivoaren, dy't benammen sieden frette. Beskate soarten parkiten wurde in protte as húsdier holden. As immen seit dat er in "parkyt" hat, giet it yn 'e regel om in gersparkyt (Melopsittacus undulatus). Dat is in lytse soarte út Austraalje dy't fan natuere foar it meastepart grien is, mar as húsdier ek fokt is yn oare kleuren, lykas blau, wyt, giel en griis. De gersparkyt is de parkitesoarte dy't, benammen yn Jeropa en Noard-Amearika, fierwei it measte as húsdier holden wurdt.

Soms ûntsnappe domestisearre parkiten en it komt ek foar dat se troch har eigners mei opsetsin frijlitten wurde, bygelyks om't se folle-easkjender binne as dat oarspronklik ferwachte waard. Ferskate parkitesoarten hawwe op dy manear libbensfetbere populaasjes foarme yn gebieten dêr't se net lânseigen binne. Sa hat de halsbânparkyt (Psittacula krameri) grutte dielen fan West-Jeropa kolonisearre, wêrûnder ek de Rânestêd yn Nederlân. Yn 2024 waarden de earste halsbânparkiten yn it wyld waarnommen yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.