De term parkinsonisme wurdt brûkt as sammelnamme foar in tal spesifike symptomen. It giet dêrby om bewegingsearmoede yn kombinaasje mei balânssteurnissen en/of trillingen en/of stivens. De sykte fan Parkinson is de meast foarkommende feroarsaker fan dy ferskynsels, mar der binne ek oare feroarsakers dy't oantsjutte as atypyske parkinsonismen, as sammelnamme foar in tal ferskillende sykten. Atypyske parkinsonismen wurde yn it deistich gebrûk ek wol koartwei oantsjut as parkinsonismen. Sa sprekt de Parkinson Feriening meastentiids oer parkinson én parkinsonismen, neist inoar, wêrby't mei parkinson de sykte fan Parkinson bedoeld wurdt en mei parkinsonismen de atypyske foarmen.