Paray-le-Monial
| Paray-le-Monial | ||
| Maison Jaillet | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Boergonje-Franche-Comté | |
| Departemint | Saône-et-Loire | |
| Boargemaster | Jean-Marc Nesme | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 9.200 (2023)[1] | |
| Oerflak | 25,20 km² | |
| Befolkingsticht. | 365 ynw./km² | |
| Hichte | 240–305 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 10e iuw (stifting fan 'e priorij) | |
| Postkoade | 71600 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 46°27′ N, 4°07′ E | |
| Offisjele webside | ||
| www.paraylemonial.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Kaart fan 'e gemeente. | ||
De Frânske stêd Paray-le-Monial leit yn it suden fan Boergonje yn it departemint Saône-et-Loire.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paray-le-Monial ûntstie yn 'e 10e iuw as in religieus sintrum. Muontsen fan 'e grutte abdij fan Cluny stiften hjir in priorij, dy't al rillegau in wichtige rol spile yn it netwurk fan dy abdij. Om it kleaster hinne groeide in delsetting, dy’t har ûntwikkeling en wolfeart foar in grut part oan it religieuze libben te tankjen hie.

Yn 'e 11e en 12e iuw waard de yndrukwekkende Basilique du Sacré-Cœur de Paray-le-Monial boud. Dy romaanske tsjerke, sterk beynfloede troch de boukeunst fan Cluny, is ien fan 'e bêst bewarre foarbylden fan dy styl yn Frankryk. Yn dy tiid profitearre Paray-le-Monial fan 'e algemiene midsiuwske bloei.
Mar de 14e iuw brocht krisis en de pest, dy't grutte parten fan Europa trof, soarge ek yn Boergonje foar in sterke befolkingsdelgong. Kleasters en parochy's waarden slim rekke. Dêrnjonken hie de regio te lijen ûnder de ûnwissens fan 'e Hûndertjierrige Kriich tusken Frankryk en Ingelân. Hoewol't Paray-le-Monial net it toaniel fan grutte fjildslaggen wie, feroarsaken plonderjende troepen en ekonomyske swierrichyheden in tiidrek fan delgong.
Yn 'e 16e iuw folgen de spanningen fan 'e Frânske godstsjinstoarloggen. Boergonje bleau foar it grutste part katolyk en Paray-le-Monial bleau trou oan syn religieuze karakter, mar de religieuze ûnrêst yn it lân hie ek hjir ekonomyske en politike gefolgen. In nije bloeitiid sette yn 'e 17e iuw útein, doe’t de non Marguerite-Marie Alacoque yn it kleaster fan 'e Fisitandinnen fizioenen fan Kristus hie (1673–1675). Mei stipe fan 'e jezuyt Claude de la Colombière waard de devoasje fan it Hillich Hert ferspraat yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dêrtroch waard Paray-le-Monial in ynternasjonaal beafeartsplak.
Dêr kaam yn 'e Frânske Revolúsje hookstrooks in ein oan. It kleasterlibben waard opheft, tsjerklik besit waard nasjonalisearre en de priorij waard sletten. De religieuze ynfrastruktuer dêr't de stêd iuwenlang om draaide, foel foar in grut part útinoar.
Yn 'e 19e iuw kaam der lykwols in katolike weroplibbing. De belangstelling foar de Hillich Hert-devoasje groeide sterk en de basilyk waard op 'e nij it sintrum fan it religieuze libben. Paray-le-Monial krige wer in wichtige posysje as pylgertochtplak, in funksje dy’t it oant hjoed-de-dei beholden hat.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Religieuze monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Basilique du Sacré-Cœur is it meast ferneamde monumint fan 'e stêd. Dy romaanske basilyk út 'e 12e iuw is boud troch de muontsen fan Cluny en jout in byld fan hoe't de (no ferwoastge) abdij fan Cluny derút sjoen hawwe moat.
- De Chapelle des Apparitions (of de Fisitaasjekapel) hat fral in grutte spirituele betsjutting. Dêr krige de hillige Marguerite-Marie Alacoque tusken 1673 en 1675 har fizioenen fan Jezus. It is noch jimmeroan ien fan 'e wichtichste beafeartplakken yn 'e stêd.
- De Chapelle La Colombière is wijd oan 'e jezuyt Claude de la Colombière, de geastlike begelieder fan Marguerite-Marie. It ynterieur is tige moai fersierd mei mozaïken.
Histoaryske gebouwen yn it sintrum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hôtel de Ville (Maison Jallet) is it stedhûs yn in prachtich hearehûs út 'e renêssânse (1525–1528). De foargevel is ryk fersierd mei byldhouwurk fan medaillons, skelpen en ingeltsjes.
- De Tour Saint-Nicolas is de âlde toer fan in 16e-iuwske parochytsjerke. Yn 'e rin fan 'e tiid hat it gebou ferskate funksjes hân, lykas finzenis en rjochtbank. Hjoed-de-dei wurde der simmerdeis faak eksposysjes fan mozaykkeunst yn hâlden.
Musea en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Musée du Hiéron is in museum foar religieuze keunst. It gebou sels is bysûnder troch de metalen konstruksje, dy't ynspirearre is troch Gustave Eiffel. Ien fan 'e topstikken is de "Via Vitæ" fan goudsmid Joseph Chaumet.
- Musée d'Art et d'Industrie Paul Charnoz is wijd oan 'e skiednis fan 'e keramyske yndustry yn Paray-le-Monial, dy't yn 'e 19e iuw in grutte rol spile yn 'e ekonomy fan 'e stêd.
Parken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Parc des Chapelains steane ek ferskate kapellen en reliëfs dy't it ferhaal fan it Hillich Hert fertelle.
Untwikkeling befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1793 | 1821 | 1851 | 1876 | 1901 | 1926 | 1946 | 1954 | 1962 | 1982 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 2.635 | 3.090 | 3.481 | 3.627 | 4.362 | 6.469 | 7.770 | 8.499 | 9.557 | 10.639 |
| Jier | 1999 | 2010 | 2020 | |||||||
| Ynwenners | 9.191 | 9.107 | 9.218 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
