Paraná (steat)
| Paraná | ||
| Lokaasje fan Paraná yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Súd | |
| haadplak | Curitiba | |
| grutste stêd | Curitiba | |
| gemeenten | 399 | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 11.952.456 (rûzing 2026)[1] | |
| oerflak (km²) | 199.293,571 km² (2025) | |
| befolkingstichtens | 57,42 ynw./km² (2025) | |
| hichte (maks.) | 0 m - 1.877 m | |
| HDI | 0,769 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | PR | |
| steat sûnt | 1853 | |
| ISO-koade | BR-PR | |
| tiidsône | UTC−3 | |
| webside | www.pr.gov.br | |
| Kaart | ||
| Bestjoerlike yndieling Paraná reade kleur: lokaasje Curitiba | ||
Paraná (ôfkoarting PR; offisjeel Portegeesk: Estado do Paraná) is in steat yn 'e regio Súd fan Brazylje. De steat is ûnderferdield yn seis haadregio's dy't meiïnoar 399 gemeenten omfetsje. De steat beslacht in oerflak fan likernôch 199.308 km² en is rûchwei 4,8 kear sa grut as Nederlân (ynklusyf binnenwetter).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steat grinzget yn it westen oan Argentynje (provinsje Misiones) en Paraguay (departeminten Canindeyú en Alto Paraná). Yn it easten wurdt Paraná begrinzge troch de Atlantyske Oseaan; yn it noarden troch de Brazyljaanske steaten Mato Grosso do Sul en São Paulo; en yn it suden troch de steat Santa Catarina. De steat is ferneamd nei de rivier de Paraná, dy't de westgrins foarmet.

Mear as 52% fan Paraná leit heger as 600 meter, 89% heger as 300 meter. De kustkrite is leger as 200 m en makket 3% fan 'e steat út. It reliëf rint fanút it westen stadichoan op en is yn fjouwer dielen te ferdielen.
- De kustflakte is in smelle, flakke strook fan 98 km lang mei de Baai fan Paranaguá (wichtichste havenstêd). De grûn bestiet út rivierôfsettings, mei hjir en dêr hichteferskillen oant maksimaal 60 meter. Op 'e grins mei it earste plato leit de Serra do Mar. Dy bergen skiede de kust fan it binnenlân. Op plakken is it lânskip gloaiend, yn oare dielen is it in samling fan bergen dy't 500 oant 1000 m boppe it plato útstekke. De heechste piken lizze yn 'e Serra dos Órgãos en binne de Pico do Paraná (1922 m), Caratuba (1898 m) en Ferraria (1835 m). Nei it suden wurdt it leger (oant de Iquiririm op 'e grins mei Santa Catarina); de Serra da Prata rint sels troch ûnder de seespegel.
- De earste heechflakte is de Plato fan Curitiba en gemiddeld 900 meter heech. It noarden hat mear hichteferskillen troch eroazje fan 'e rivier de Ribeira en bestiet benammen út filiten, kalkstien, dolomiten en moarmer. It suden is flakker (80 km lang tusken 850–950 m) mei in ûndergrûn fan granyt en in boppelaach fan klaai.

- It Plato fan Ponta Grossa / Vila Velha is de twadde heechflakte en mear as 100 km grut yn 'e foarm fan in heale moanne. It rint ôf fan boppe de 1200 meter yn it easten nei 500–750 meter yn it westen. De eastgrins is de Serrinha, dy't yn ferbining stiet mei de Serra Geral.
- It Plato fan Guarapuava is de tredde heechflakte en bestiet út mear as 65% fan 'e steat. It plato bestiet út fulkanysk stiente (basalt) en troch riviereroazje binne der hichteferskillen, ôfrinnend fan 1200 meter nei 300 meter. De grinzen binne de Serra Geral yn it easten en de rivier de Paraná yn it westen (de grins mei Paragûay).
Nasjonale parken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steat hat fiif nasjonale parken:

| Park | Oerflak | Bysûnderheden |
|---|---|---|
| Nasjonaal Park Iguaçu | 1.852 km²[2] | Oprjochte op 10 jannewaris 1939; omfiemet de ferneamde Iguaçu-wetterfallen en in grut beskerme gebiet fan it Atlantysk Reinwâld. Stiet op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. |
| Nasjonaal Park Superagui | 338 km²[3] | Oprjochte op 25 april 1989 oan 'e noardkust fan Paraná; omfiemet ûnder oare de eilannen Superagui en Peças, thúsbasis fan 'e seldsume goudliuwaapke (Leontopithecus rosalia). |
| Nasjonaal Park Saint-Hilaire/Lange | 251 km²[4] | Oprjochte op 23 maaie 2001 yn 'e Serra do Mar; beskermet de berchwâlden en de biodiversiteit fan 'e kustregio. |
| Nasjonaal Park Campos Gerais | 213 km²[5] | Oprjochte op 23 maart 2006 yn 'e regio Ponta Grossa; beskermet it karakteristike gerslân, canyons en natuerlike populaasjes fan 'e Paraná-konifear (Araucaria angustifolia). |
| Nasjonaal Park Ilha Grande | 761 km²[6] | Oprjochte op 30 septimber 1997 op 'e grins mei Mato Grosso do Sul; omfiemet in arsjipel fan eilannen, sânplaten en sompegebieten yn 'e rivier de Paraná. |
Njonken de nasjonale parken hat Paraná ferskate steatsparken (parques estaduais). It bekendste is it Parque Estadual de Vila Velha, ferneamd om syn karakteristike sânstiennen rotsformaasjes. Oare wichtige steatsparken binne it Parque Estadual do Pico Paraná, dêr't de heechste berch fan Súd-Brazylje leit, it Parque Estadual do Guartelá mei de op fiif nei grutste kleau fan 'e wrâld, en it kustpark Parque Estadual da Ilha do Mel.
Skiednis en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e 16e iuw waard Paraná troch de Portegezen ferlitten om't it neffens it Ferdrach fan Tordesillas op Spânsk grûngebiet lei, der doe noch gjin goud fûn wie en de Portegezen har op 'e winstjaande noardeasten fan Brazylje lei. Oare lannen besochten harren plak yn te nimmen, fral op syk nei goed hout en de Spanjerts stiften dêr in oantal lytse delsettings. Hja joegen it gebiet de namme Guairá, en jezuïten begûnen nei 1610 mei it opsetten fan missyposten en it bekearen fan 'e lânseigen befolking.
Mei de ûntdekking fan goud yn 'e 17e iuw kaam de kolonisaasje troch de Portegeeske befolking pas echt op gong. Tusken 1628 en 1632 waard it gebiet systematysk oanfallen en plondere troch de Portegeesk-Brazyljaanske bandeirantes. De bandeirantes wienen benammen út op it finzen nimmen fan 'e bekearde Guaraní om dy as slaven te ferkeapjen. Troch de oanfallen waarden de Spanjerts en de jezuïten mei tûzenen lânseigen minsken ferdreaun. Hja flechten nei it hjoeddeiske Argentynje en Paragûay en sa krigen de Portegezen it gebiet wer yn hannen.
Yn 1648 krige it krekt foar dy tiid stifte plakje Paranaguá stedsrjochten nei't dêr in befolkingseksploazje plakfûn hie. Ek Nossa Senhora da Luz e Bom Jesus dos Pinhais, it hjoeddeistige Curitiba, krige yn 1693 stedsrjochten.
De goudieren fan Paraná brochten lykwols net folle op foar it wurk dat levere wurde moast, en mei de ûntdekking fan 'e rykdom yn 'e bergen fan Minas Gerais ferlear de goudwinning yn Paraná syn betsjutting. De befolking ferskode de aktiviteiten nei de lânbou. Foaral de rykste famyljes, dy't grutte stikken grûn yn besit hiene, ynvestearren in soad yn 'e feehâlderij.

It duorre oant de 19e iuw foardat it binnenlân fan Paraná troch boeren kolonisearre waard. Op 29 augustus 1853 waard Paraná in selsstannige provinsje; oant dy tiid hie it gebiet diel útmakket fan 'e provinsje São Paulo. It nije bestjoer sette sterk yn op kolonisaasje, dy't gearfoel mei de komst fan it spoar. Dêrmei begûn in nij tiidrek fan sterke ymmigraasje fan fral Dútske, Italjaanske, Poalske en Oekraynske ymmigranten, dy't in beslissende bydrage levere hawwe oan 'e ekonomyske en demografyske groei, ynearsten oan it kustgebiet en letter ek fierder ynlânsk.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etnyske gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan Paraná wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget:
- blanken (Brancos): 64,57%
- minsken fan mingde komôf (Pardos): 30,06%
- swarten (Pretos): 4,24%
- Aziaten (Amarelos): 0,88%
- lânseigen befolking (Indígenas): 0,24% (sawat 30.000 minsken)
Nederlanners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In lytse, mar wol tige súksesfolle groep yn Paraná foarmje de Nederlânske boeren. Yn 'e 20e iuw stiften Nederlânske boeren yn 'e regio Campos Gerais harren pleatsen. De âldste Nederlânske koloanje yn Paraná is Carambeí, oprjochte troch ferskate Nederlânske famyljes. Hjoed-de-dei stiet it bekend om syn histoarysk park en de suvelkoöperaasje Batavo (no Frísia Agroindustrial Cooperative). In groep protestantske boeren sette yn 1951 Castrolanda op. Castrolanda is ferneamd om syn grutte nôt- en molkproduksje. Dêr stiet ek de yn 2001 boude stellingmûne De Ymmigrant, ien fan 'e grutste wynmûnen fan 'e wrâld bûten Nederlân. In tredde wichtige Nederlânske boerekoloanje yn Paraná is Arapoti.
Befolkingsûntwikkeling fan Paraná (1872–2022)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1872 | 1890 | 1900 | 1920 | 1940 | 1950 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 126.722 | 249.491 | 327.136 | 685.711 | 1.236.276 | 2.115.547 |
| Groei | — | +96,9% | +31,1% | +109,6% | +80,3% | +71,1% |
| Jier | 1960 | 1970 | 1980 | 1991 | 2000 | 2010 |
| Ynwennertal | 4.277.763 | 6.929.822 | 7.629.392 | 8.448.713 | 9.563.458 | 10.444.526 |
| Groei | +102,2% | +62,0% | +10,1% | +10,7% | +13,2% | +9,2% |
| Jier | 2022 | |||||
| Ynwennertal | 11.444.380 | |||||
| Groei | +9,6% | |||||
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos | ||||||
Grutste gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Stêd | Ynwenners |
|---|---|
| 1.773.73 | |
| 555.937 | |
| 409.657 | |
| 358.367 | |
| 348.051 | |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 | |
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De befolking fan Paraná is yn mearderheid kristlik. It katolisisme is de grutste religieuze streaming yn 'e steat; neffens de folkstelling fan it IBGE fan 2022 is 64,3% fan 'e befolking roomsk-katolyk.
Njonken it katolisisme foarmet it protestantisme troch de Dútske, Nederlânske en Amerikaanske ymmigraasje en de sterke groei fan pinkster- en evangelyske tsjerken mei 24,1% de twadde grutte streaming. Dêrnjonken hat 7,3% fan 'e befolking gjin religy. Oare religieuze groepen yn Paraná binne ûnder mear it spiritisme (1,1%), lânseigen religys, en lytsere mienskippen lykas it islamitysk, eastersk-otterdokse en joadske leauwe (1,8%).
| Religieuze streaming | Persintaazje (2022) |
|---|---|
| roomsk-katolyk | 63% |
| protestantsk | 26,1% |
| sûnder religy | 6% |
| oare religys | 3,2% |
| spiritisme | 1,0% |
| Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda/Candomblé) | 0,6% |
| lânseigen tradysjes | < 0,1% |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos | |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Paraná hawwe ferskate autofabrikanten fabrykssintra opset. De steat beskikt mei de saneamde Terras Roxas oer hiel fruchtbere grûn en jildt as de wichtichste agraryske produsint fan Brazylje; de steat leveret ûnder mear mais, katoen, weete, soja, rys, pinda's en beannen. Ek de baarch- en plomfeehâlderij binne yn Paraná goed fertsjintwurdige, krekt lykas yn 'e twa súdlike buorsteaten Santa Catarina en Rio Grande do Sul.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||
