Springe nei ynhâld

Parallelle wrâld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Parallel hielal)

In parallelle wrâld, in parallel universum of in alternative reälititeit is in hypotetyske, op himsels steande reäliteit dy't tagelyk bestiet mei jins eigen reäliteit (de 'gewoane wrâld'). Dit konsept wurdt gauris brûkt yn beskate foarmen fan fiksje, lykas myten en moderne fantasy- en science fiction-literatuer. De bekendste foarmen fan parallelle wrâlden binne de himel en de hel, ynsafier't dat reäliteiten binne dy't troch libbenen besocht wurde kinne lykas yn in protte ferhalen út bygelyks de Grykske mytology bart. Yn 'e mearwrâlde-ynterpretaasje, in wittenskiplike hypoteze dy't diel útmakket fan 'e kwantummeganika, wurde 'parallelle universa' omskreaun as 'universa dy't faninoar skaat wrude troch in inkel kwantumbarren'.

In spesifike groep fan parallelle universa wurdt in multyversum neamd. Mei deselde term kinne ek alle mooglike parallelle universa oantsjut wurde dy't mei-inoar neffens guon wittenskiplike teoryen de algemiene reäliteit foarmje. Hoewol't 'parallel universum' en 'alternative reäliteit' yn 'e measte gefallen synonimen binne, kin 'alternative reäliteit' in bykommende konnotaasje hawwe dy't suggerearret dat sa'n reäliteit in fariaasje is op jins eigen reältiteit. De term 'parallel universum' is algemiener, sûnder de ymplikaasje fan sa'n ferbân. 'Parallelle wrâld' komt oerien mei 'parallel universum', mar is beheind ta ien wrâld ynstee fan it hielal te omfetsjen.

It fantasysjenre hat it gebrûk fan parallelle wrâlden oernommen út 'e mytology. In ier foarbyld komt foar yn it Perzyske mearke De Aventoeren fan Bûlûkija, út Tûzen-en-ien Nacht, wêryn't de protagonist Bûlûkija ûntdekt dat der alternative wrâlden of universa besteane dy't op sines lykje, mar der dochs fan ferskille. In resinter en bekender foarbyld wurdt foarme troch de romansearje The Chronicles of Narnia, fan C.S. Lewis, wêryn't inkele Ingelske bern troch in geheime trochgong efteryn in kleankast nei de parallelle wrâld Narnia reizgje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.