Springe nei ynhâld

Paradystangare

Ut Wikipedy
Paradystangare
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje tangarefûgels (Thraupidae)
skaai echte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara chilensis
Vigors, 1832
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De paradystangare (Tangara chilensis) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

It fearrekleed fan 'e kleurrike fûgel is oan 'e boppekant fluwielswart, oan 'e ûnderkant foar it measte turkoaisblau, wylst de sydkanten fan it kopke en de krún appelgrien binne. De ûnderkant fan 'e rêch is skarlakenread en de stút giel. De ûnderbúk is swart. Mantsjes en wyfkes binne gelyk.

De paradystangare is te ferdielen yn fjouwer ûndersoarten. De ûndersoarten wurde troch de rêchkleur fan inoar ûnderskieden. De nominaatfoarm is ienfâldich fêst te stellen troch de reade rêch. De oare ûndersoarten fariearje fan giel oant oranjegiel. De Tangara chilensis caelicolor wykt ek ôf mei in blauwe kop.

wittenskiplike namme fersprieding rêchkleur
Tangara chilensis chilensis
(Vigors, 1832)
Kolombia, Fenezuëla, Guyana, Ekwador, Perû, Bolivia, Brazylje read
Tangara chilensis chlorocorys
Zimmer, 1929
Perû giel
Tangara chilensis caelicolor
(Sclater, 1851)
Kolombia, Fenezuëla en Brazylje koalsiedgiel
Tangara chilensis paradisea
(Swainson, 1837)
Fenezuëla, Guyana, Brazylje gieloranje

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels komme yn subtropyske en tropyske bosken foar yn 'e kroanen fan beammen, oan boskrânen en ite fruchten.

It nêst is komfoarmich en wurdt troch it pearke tegearre boud. It wyfke leit twa aaikes.

Der bestiet gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e populaasje. Oannommen wurdt dat dy troch it ferlies fan habitat ôfnimme. De IUCN klassifisearret de soarte lykwols as net bedrige op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: