Poarperboarstgrûndo
| Poarperboarstgrûndo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Paraclaravis geoffroyi | ||||||||||||
| (Bonaparte, 1856) | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De poarperboarstgrûndo (Paraclaravis mondetoura, synonym (Claravis mondetoura) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai poarpergrûndowen (Paraclaravis) út de famylje dowen (Columbidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt 18 oant 24 sm lang en weaget 89 oant 95 gram. Mantsjes binne blaugriis mei donkerder boppedielen as ûnder. Se ha in ljochter gesicht en in readbrún boarst. Op 'e optearde wjuk hat de fûgel trije poarperen bannen. De sturt is ek blaugriis mei wite bûtenfearren. Wyfkes binne hielendal brún, ha in kanielkleurich gesicht en readbrune bannen op 'e wjuk. De fearren fan mantsjes skimerje yn it sinneljocht mear as dy fan wyfkes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet yn 'e berchbosken fan Midden- en Súd-Amearika fan súdeastlik Meksiko oant it westlike diel fan Sintraal-Bolivia, De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten bestiet.
It habitat bestiet út de tichte ûndergroei fan berchbosken, spesifiker bamboebosken tusken 900 en 3000 m boppe de seespegel.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is lykas de oare soarte yn it skaai, de poarperbângrûndo, sterk ôfhinklik fan it sied fan bamboe. Bamboe bloeit net oeral tagelyk en de fûgel folget dêrfandinne de bloei fan bamboe. Se libje it grutste part fan 'e tiid op 'e grûn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje waard yn 2019 op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre. Bedrigingen binne it ferdwinen fan bamboebosken foar lânbou en ûntwikkeling. Dêrnjonken is de fragmintaasje in grut gefaar, om't der dan gatten falle yn 'e beskikberens fan bamboesied. In lytsere bedriging foarmet de hannel yn 'e fûgel. De populaasje fan 'e soarte nimt ôf, mar net sa hurd dat de soarte as bedrige beskôge wurde kin.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Poarpergrûndo
- Fûgelsoarte
- Dofûgel
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
