Springe nei ynhâld

Pappegaaitangare

Ut Wikipedy
Pappegaaitangare
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje tangarefûgels (Thraupidae)
skaai pappegaaitangaren (Chlorornis)
soarte
Chlorornis riefferii
Boissonneau, 1840
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De pappegaaitangare of griene berchtangare (Chlorornis riefferii) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is de iennige soarte yn it skaai Chlorornis.

De soarte is in grutte tangarafûgel mei in hast folslein helder grien fearrekleed, in reade snaffel en reade poaten en in readbrún gesicht en readbrune ûndersturtdekfearren.

Pappegaaitangaren libje yn 'e subtropyske en tuskenbeide sônes fan 'e Andes en binne dêr frij algemien yn berchbosken of boskrânen op hichten tusken 1800 en 2800 m. Meastentiids binne se allinnich of yn pearkes yn groepen fan ferskillende soarten te sjen.

De soarte bestiet út fiif ûndersoarten:

  • Chlorornis riefferii riefferii: Kolombia en Ekwador.
  • Chlorornis riefferii dilutus: Noar-Perû.
  • Chlorornis riefferii elegans: Sintraal-Perû.
  • Chlorornis riefferii celatus: Súd-Perû.
  • Chlorornis riefferii bolivianus: West-Bolivia.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme. De IUCN beskôget de soarte lykwols as net bedrige (LC, 2018).

De wittenskiplike namme fan 'e fûgel ferwiist nei Gabriel Rieffer, in Frânske ûntdekkingsreizger en samler fan fûgels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: