Papoeaberchdo
| Papoeaberchdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gymnophaps albertisii | ||||||||||||
| (Salvadori, 1874) | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Papoeaberchdo of Papoeaanske rotsdo (Gymnophaps albertisii) is in fûgelsoarte yn 'e famylje dowen (Columbidae). De fûgel is ferneamd nei de Italjaanske soölooch D'Albertis (1841-1901).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in grutte do fan 33 oant 36 sm mei in lange sturt. Hy is blaugriis op 'e boppekant en kop Om it each hinne hat er in hûd dat bleat en read is. De kiel en de búk binne kastanjebrún en it boarst is krêmkleurich. Op 'e sturt sit in ljochte punt. De soarte hat in rôzereade snaffel en reade poaten. Jonge fûgels hawwe in readbrún gesicht en in brún boarst. It is meast in stille fûgel, mar kin somtiden in djippe "woem" en in triljend fluitsje útstjitte.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De do hat in grut ferspreidingsgebiet op Nij-Guineä, mar komt ek yn 'e Bismarckarsjipel en op 'e eilannen Japen en Bacan foar. De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
- Gymnophaps albertisii exsul: Bacan (noardlik-sintrale Molukken).
- Gymnophaps albertisii albertisii: Japen, Nij-Guineä en de Bismarck-arsjipel.
It biotoop fan 'e fûgel bestiet út bosk yn bercheftige gebieten, mar de fûgel wurdt ek wolris yn leechlângebieten waarnommen. It in sosjale fûgel, dy't faak yn heechfleanende kloften boppe de beammen sjoen wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannomen wurdt dat de populaasje stadichoan ôfnimt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (LC) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
