Springe nei ynhâld

Papeete

Ut Wikipedy
Papeete
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Frankryk
Oerseesk lân Frânsk-Polyneezje
DistriktBoppewynske Eilannen
Sifers
Ynwennertal26.654 (2022)
Oerflak17,4 km² (lân)
Befolkingsticht.1.532,8 / km²
Stêdekloft124.274 (2022)
Hichte9 m
Oar
Stifting1843
TiidsôneUTC +10.00
Simmertiid(gjin simmertiid)
Koördinaten17°32′06″S 149°34′11″W
Offisjele webside
www.ville-papeete.pf
Kaart
Papeete (Frânsk-Polyneezje)
Papeete
De lizzing fan Papeete yn Frânsk-Polyneezje.

Papeete (Tahitiaansk: Pape‘etē, útspr.: [papeʔeteː], likernôch: "pah-pih-ih-tee"; histoarysk: Vai‘etē) is in stêd op it eilân Tahity yn 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel yn 'e Stille Oseaan. It is de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje, dêr't de Genoatskipeilannen ta hearre. Frânsk-Polyneezje is in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk. Papeete is it bestjoerlike, kommersjele, yndustriële en finansjele hert fan Frânsk-Polyneezje en teffens it sintrum fan 'e toeristyske sektor yn it gebiet. De stêd waard yn 1843 stifte, in jier nei't Tahity troch de Frânsen ta ien fan harren koloanjes makke wie. De gemeente Papeete hie yn 2022 in befolking fan krapoan 27.000 minsken, mar rekkene as stêdekloft hie Papeete datselde jiers goed 124.000 ynwenners.

De namme fan Papeete moat eins, yn it Tahitiaansk, stavere wurde as Pape‘etē (útspr.: [papeʔeteː], likernôch: "pah-pih-ih-tee" wêrby't "ih" stiet foar de 'i' fan "pit"). It betsjut "wetter út in koer". It wie al de namme foar it plak dêr't Papeete kaam te lizzen fier foar't de stêd yn 1843 stifte waard. De oarspronklike, histoaryske namme fan dat plak, mei deselde betsjutting, wie Vai‘etē. De nammeferoaring wie it gefolch fan in nammetaboe út it regear fan kening Pōmare I fan Tahity, oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw.

Yn in protte dielen fan Polyneezje waard yn it ferline (en soms no noch wol) de namme fan in wichtich lieder as hillich (taboe) beskôge. Alle dielen fan dy namme waarden dan útsletten fan it deistich spraakgebrûk en ferfongen troch in synonym of in besibbe term. Dat bleau sa oant de lieder ferstoar, wêrnei't it oarspronklike wurd wer brûkt wurde mocht. Mar troch omstannichheden koe it wêze dat de ferfanging in permanint karakter krige. Dat lêste is it gefal mei Pape‘etē, wêryn't vai ("wetter") ferfongen waard troch pape (ek "wetter"). Under mear yn 'e Markesaseilannen, dêr't it nammetaboe út it Tahitiaansk net fan krêft wie, wurdt Papeete om dy reden oantsjut as Vai‘etē.

Papeete leit oan 'e noardwestlike kust fan it eilân Tahity, dat diel útmakket fan 'e Boppewynske Eilannen. Dy foarmje de eastlike helte fan 'e Genoatskipseilannen yn it noardwesten fan Frânsk-Polyneezje. De gemeente (Frânsk: commune) Papeete hat in oerflak fan 17,4 km² oan lân. Yn it noarden en noardwesten grinzget de gemeente oan 'e Stille Oseaan, yn it westen en súdwesten oan 'e gemeente Fa‘a‘ā en yn it easten oan 'e gemeente Pīra‘e. Papeete is ûnderferdield yn alve stedsdistrikten (quartiers), wêrfan't Tīpaeru‘i, oan 'e kust, de measte ynwenners hat (4.187).

De lokaasje fan 'e gemeente Papeete op Tahity.

Papeete waard stifte yn 1843, in jier nei't Frankryk in protektoraat útroppen hie oer it Keninkryk Tahity (dat net inkeld it eilân Tahity, mar ek de eilannen Mo‘orea, Teti‘aroa en Meheti‘a omfette). Yn namme is in protektoraat in ûnôfhinklik lân dat troch in grutmacht yn beskerming nommen wurdt tsjin oare grutmachten, mar feiliks kaam de sitewaasje derop del dat Tahity in Frânske koloanje waard, dêr't keninginne Pōmare IV en har regear inkeld noch dulde waarden en gjin selsstannige besluten mear nimme koene. Papeete waard it sintrum fan it Frânske koloniale bestjoer op Tahity, en yn it ferlingde dêrfan yn hiel Frânsk-Polyneezje.

Yn 1914, oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, waard Papeete by it saneamde Bombardemint fan Papeete besketten troch Dútske marineskippen. Dêrby kamen ferskate ynwenners om en waard gâns skea oanrjochte.

Nei de Twadde Wrâldoarloch, yn 1946, waarden de 'Frânske Fêstigings yn Oseaanje' (Établissements françaises d'Océanie), sa't de koloanje doe offisjeel hiet, ûnder de grûnwet fan 'e nije Frânske Fjirde Republyk omfoarme ta in oerseesk territoarium. Papeete waard dêrfan ek wer de haadstêd. Yn 1957 kaam it gebiet formeel 'Frânsk-Polyneezje' te hjitten.

De groei fan Papeete krige in grutte stimulâns doe't Frankryk yn 1962, nei't Algerije ûnôfhinklik wurden wie, besleat om syn testen fan atoombommen tenei yn Frânsk-Polyneezje te hâlden. Hoewol't de eigentlike testen dien waarden op 'e atollen Moruroa en Fangataufa, yn 'e eastlike Tûamotû-arsjipel, sa'n 1.500 km fan Papeete ôf, waard de hiele fasilitêre ynfrastruktuer foar de proeven yn Papeete fêstige.

It stedhûs fan Papeete, in replika fan it Keninklik Paleis fan Papeete, dat yn 'e 1960-er jierren sloopt is.

Yn 1995 kundige de doe nij keazen Frânske presidint Jacques Chirac, nei in moratoarium fan trije jier, nije atoomproeven oan, dy't dat jiers en begjin 1996 holden waarden. Nei de ein fan 'e Kâlde Oarloch waarden sokke fersmoargjende tests net mear nedich achte, dat it late ta ferûntweardiging en lulke reäksjes oer de hiele wrâld. Yn Papeete briek in fûleindige opskuor út, dy't twa dagen oanhold. Der waard troch de demonstranten gâns skea oanrjochte, û.o. oan 'e Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā. Fjirtich minsken rekken ferwûne en it geweld feroarsake in koarte dip yn it tal toeristen dat Frânsk-Polyneezje besocht. Mar Chirac bûn yn en sei ein jannewaris 1996 ta gjin nije atoomproeven mear beoarderje te sillen.

De haven fan Papeete.
De Merk fan Papeete.
It Tinkteken foar Pouvana‘a a Oopa.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Papeete stipet, krekt sa't dat yn 'e rest fan Frânsk-Polyneezje it gefal is, benammen op it toerisme. Toeristen arrivearje der mei it fleantúch op 'e Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā, dy't yn 1962 krekt bûten de gemeentegrinzen fan Papeete oanlein waard. Foar in diel reizgje se dêrwei troch nei oare eilannen mei fleantugen fan Air Tahiti, de loftfeartmaatskippij dy't de binnenlânske flechten yn Frânsk-Polyneezje fersoarget. In diel fan 'e toeristen arrivearret yn Papeete fia de haven, op priveejachten of cruiseskippen. Dêrnjonken profitearret Papeete as haadstêd fan it gebiet ek fan it feit dat de bestjoerlike ynfrastruktuer der fêstige is. Fierders is it it sintrum fan 'e hannel, finansjele sektor en kultuer foar Frânsk-Polyneezje.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hie de gemeente Papeete doe 26.654 ynwenners. Dêrmei lei de befolkingstichtens op 1.532,8 minsken de km². As stêdekloft bestiet Papeete út seis gemeenten. Fan it noardeasten nei it súdwesten binne dat: Māhina, ‘Ārue, Pīra‘e, Papeete, Fa‘a‘ā en Puna‘aui‘a. Papeete wie oarspronklik lang de gemeente mei de measte ynwenners, mar yn 1988 waard dy posysje oernommen troch Fa‘a‘ā, dat yn 2022 29.826 ynwenners hie. De hiele stêdekloft fan Papeete hie dat jiers in befolking fan 124.274 minsken.

De histoaryske befolkingsûntwikkeling fan Papeete wie neffens de ûnderskate folkstellings sa:

jier195619621971197719831988199620022007201220172022
ynwenners fan 'e
gemeente Papeete
18.08919.90325.34222.96723.49623.55525.55326.22226.01725.76926.92626.654
ynwenners fan 'e
stêdekloft Papeete
28.97535.51465.18577.78193.294103.857115.759127.327131.695133.627136.771124.274

Neffens sifers fan 'e folkstelling fan 2017 wie it berteplak fan 'e ynwenners fan 'e stêdekloft Papeete doe sa: 72,5% op Tahity; 11,3% yn (it Jeropeeske diel fan) Frankryk; 6,2% op oare eilannen fan 'e Genoatskipseilannen; 2,9% op 'e Tûamotû-eilannen of de Gambiereilannen; 1,9% op 'e Markesaseilannen; 1,6% op 'e Australeilannen; 0,9% yn 'e oare oerseeske gebietsdielen fan Frankryk yn 'e Stille Oseaan (ntl. Nij-Kaledoanje en Wallis en Fûtûna); 0,6% yn East- en Súdeast-Aazje; 0,4% yn oerseeske gebietsdielen fan Frankryk yn it Karibysk Gebiet, de Yndyske Oseaan en de Atlantyske Oseaan; 0,4% yn Noard-Afrika; en 1,3% yn oare dielen fan 'e wrâld. De lju út Noard-Afrika wiene foar it meastepart saneamde Pieds-Noirs ("Swartfuotten"), de etnysk Frânske kolonisten yn Algerije dy't dêr ferdreaun waarden nei't dat lân yn 1962 ûnôfhinklik waard.

De roomske Notre Dame fan Papeete.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2017 koe fan 'e ynwenners fan 15 jier en âlder fan 'e stêdekloft Papeete doe 98,4% Frânsk ferstean en sprekke, en 96,7% joech oant dy taal ek lêze en skriuwe te kinnen. Dêrfoaroer stie 0,7% dy't rapportearre gjin kennis fan it Frânsk te hawwen. Fierders joech 83,9% fan 'e respondanten oan dat it Frânsk harren memmetaal wie of oars de taal dy't se yn 'e hûs it measte brûkten (by de folkstelling fan 2007 wie dat noch 79,7%).

It Tahitiaansk, de lânseigen Polynezyske taal fan Tahity, wie yn 2017 foar 13,5% fan 'e ynwenners fan 'e stêdekloft Papeete de memmetaal of de taal dy't se it measte yn 'e hûs brûkten (yn 2007 wie dat noch 16,5%). Foar 1,2% fan 'e minsken wie de meast brûkte taal in oare Polynezyske taal dy't lânseigen is yn Frânsk-Polyneezje, lykas Tûamotûaansk, Markezysk, Australeesk of Mangarevaansk. Fan 'e respondanten joech 80,2% oan "ienige" kennis fan ien fan 'e Polynezyske talen te hawwen (almeast fan it Tahitiaansk), wylst 19,8% sei gjin inkele kennis fan dy talen te besitten.

De Keninginnefiver (Bassin de la Reine) yn it Bougainville Park.

Foar de rest spriek 0,9% in Sineeske taal as memmetaal en yn 'e hûs. Foar 0,5% gie it dêrby om it Hakka, in taal út súdlik Sina. En nochris 0,5% spriek in oare bûtenlânske taal.

Papeete hat in tropysk klimaat mei mar twa echte jiertiden: in reintiid en in drûge tiid. It hiele jier rûn binne de temperatueren en de luchtfochtichheid heech. Yn maart, de waarmste moanne, is de trochsneed maksimumtemperatuer oerdeis 31,9 °C, en yn july en augustus, de kâldste moannen, is dat 30,0 °C. Papeete kriget jiers trochinoar 2.075 mm delslach. De drûge tiid, wannear't it trouwens ek wolris reint (mar net safolle as yn 'e reintiid), duorret mar koart, fan begjin augustus oant ein septimber. De measte rein falt yn 'e moannen desimber en jannewaris. Der is it hiele jier troch in protte sinneskyn, mei't de rein ornaris falt yn 'e foarm fan fûleindige stjalpbuien dy't mar relatyf koart duorje. Wol kinne der soms tusken april en novimber tyfoanen oer it eilân tsjen, dy't gâns skea oanrjochtsje kinne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.