Panagia Gorgoepikoos
| Panagia Gorgoepikoos Παναγία Γοργοεπήκοος | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| adres | Plateía Mitropóleos 8 | |
| koördinaten | 37°58' N 23°43' E | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 13e iuw | |
| boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
| Kaart | ||
De Panagia Gorgoepikoos (Gryksk: Παναγία Γοργοεπήκοος) is in byzantynsk tsjerkegebou yn it sintrum fan 'e Grykske haadstêd Atene. It tsjerkegebou stiet yn in parkje njonken de Ferkundigingskatedraal, de sit fan 'e otterdokse aartsbiskop fan Atene. Bysûnder binne de likernôch 90 reliëfs út ferskillende tiden, dy't fan 'e gevels in soarte fan iepenloftmuseum fan antyk en byzantynsk byldhouwurk meitsje.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik waard de tsjerke oan 'e rap ferhearrende ("gorgoepikoos") Mem Godswijd. De namme hat betrekking op it as mirakuleus ferearde ikoan, de grutste skat fan it tsjerkje. Eartiids tsjinne it tsjerkje as de priveekapel fan 'e aarstbiskop (metropolyt) fan Atene. Dêrfandinne ek de namme "Lytse Mitropolis", sa't it tsjerkje ek bekend stiet.

Nei de Grykske Unôfhinklikheidskriich waard de Panagia Gorgoepikoos twa desinnia net mear brûkt. Sûnt 1841 tsjinne it tsjerkje as bibleteek, de foargonger fan 'e hjoeddeiske Nasjonale biblioteek. Der waard ek in samling fan tekstreliëfs bewarre.
Yn 1868 waard it gebouke wer as tsjerkje yn gebruk nommen en oan Kristus de Ferlosser wijd, mar dy namme bleau net en waard letter troch de namme Ágios Elefthérios (Άγιος Ελευθέριος) ferfongen, sa't dy by de befolking bekend stie.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de lokale tradysje soe it tsjerkje in stifting wêze fan keizerinne Irene, dy't yn Atene berne wie, mar de measte saakkundigen datearje it hjoeddeiske tsjerke út de 12e of 13e iuw.
Sûnt healwei de 7e iuw hearde de foargonger fan 'e tsjerke by it kleaster Agios Nikolaos, dat op syn bar wer ûnder it kleaster Kaisariani stie. De oekumenyske patriarch fan Konstantinopel hie lykwols it kleaster Kaisariani mei al it besit oan é aartsbiskop fan Atene as prebinde oerdroegen. En sa kaam it dat de Ateenske aartsbiskop syn wenstee by it kleaster Agios Nikolaos hie en de Panagia Gorgoepikoos as priveekapel brûkte. Op âlde ôfbylden is te sjen dat de tsjerke noch om 1800 hinne troch in muorre en oare gebouwen omfieme wie.
It kleaster Agios Nikolaos waard yn 1827 by de belegering fan Atene ferneatige en de bygebouwen fan 'e Panagia Gorgoepikoos waarden ôfbrutsen, mar de lytse tsjerke bleau bestean. Yn 1834 wiene de fresko's yn 'e tsjerke noch oanwêzich, mar mei't it tsjerkje yn in bibleteek feroare gyngen dy ferlern. Mei't in stúklaach de gevels oerdiek wiene de reliëfs doe net te sjen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is in krúskoepeltsjerke fan 7,6 m by 12,2 m en hat in achthoekige koepel. Westlik is der in narteks en eastlik wurdt de tsjerke troch trije apsiden ôfsletten. Foar it grutste part bestiet de tsjerke út it boumateriaal fan âldere bouwurken.
De haadyngong is westlik en oannommen wurdt dat de sintrale doar út de foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke stamt. Twa nevendoarren binne oan 'e noardlike en súdlike kant. De narteks wurdt troch trije doarren mei it koer ferbûn.
Fan 'e eardere fresko's wêrmei't de tsjerke eartiids hielendal beskildere wie, is allinnich in foarstelling fan Marije yn 'e apsis bewarre bleaun (13e/14e iuw)).
Ofbylden reliëfs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
