Fjildgrûnspjocht
| fjildgrûnspjocht | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Colaptes campestris | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De fjildgrûnspjocht (wittenskiplike namme: Colaptes campestris), ek wol campogrûnspjocht neamd (campo is Portegeesk foar "fjild"), is in fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e grûnspjochten (Colaptes). Dit bist is in lânseigen stânfûgel yn 'e eastlike en sintrale dielen fan Súd-Amearika. Krekt as oare soarten grûnspjochten (mar oars as de measte oare spjochten), foerazjearret de fjildgrûnspjocht op 'e grûn ynstee fan yn beammen. Dizze fûgel is fierhinne in ynsektivoar. Seksuele dimorfy is subtyl, mar oanwêzich yn dizze soarte. Guon autoriteiten beskôgje de súdlike ûndersoarte, de pampagrûnspjocht (C. c. campestroides), as in selsstannige soarte. De IUCN klassifisearret de fjildgrûnspjocht as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjildgrûnspjocht waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1818 troch de Frânske soölooch Louis Pierre Vieillot. De oarspronklike wittenskiplike namme fan 'e fjildgrûnspjocht wie Picus campestris, dat letterlik "fjildspjocht" betsjut, fan it Latynske picus ("spjocht") en campestris ("fan 'e fjilden"). It skaai fan 'e grûnspjochten (Colaptes) waard yn 1825 yntrodusearre troch de Ierske ornitolooch Nicholas Aylward Vigors.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjildgrûnspjocht is lânseigen yn dielen fan Súd-Amearika. It is in stânfûgel, dy't foarkomt yn eastlik en súdeastlik Brazylje, eastlik en sintraal Bolivia, Paraguay, Oerûguay en it noardeasten fan Argentynje en by de kust fan 'e Atlantyske Oseaan lâns nei it suden oant de San Matíasgolf yn Patagoanje. Benoarden dat oan iensletten ferspriedingsgebiet binne der twa isolearre populaasjes: ien boppe de mûning fan 'e Amazône yn 'e Brazyljaanske dielsteat Amapá, en in oaren yn it noarden fan 'e dielsteat Pará, dy't trochrint oer de grins fan súdlik Suriname.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjildgrûnspjocht hat trochinoar in totale lichemslingte fan sa'n 30 sm en in gewicht fan likernôch 150 g. It fearrekleed is op 'e rêch en wjukken brún mei dizenige wite oerdwerse streekjes. De sturt is oan 'e boppekant swart mei brún-mei-wite sydrânen en oan 'e ûnderkant wyt. De ûnderkant fan 'e wjukken binne brún mei giele slachpinnen. De bealch is wyt mei tinne oerdwerse brune streekjes. It boarst, de nekke en de sydkanten fan 'e kop skean nei efteren ûnder de eagen binne fel goudkleurich. De kiel en de boppekant fan 'e kop binne swart. De wangen, "wynbrauwen" en rânen om 'e eagen hinne binne wyt. De relatyf lange, skerppuntige snaffel is griis, krekt as de poaten.
Seksuele dimorfy is yn 'e fjildgrûnspjocht beheind ta de streek dy't oan wjerskanten fan 'e kop yn it ferlingde fan 'e snaffel rint. Dy is by wyfkes swart, mar by mantsjes read. Juvenile eksimplaren hawwe itselde fearrekleed as folwoeksenen, mar mei in ljochter giel ynstee fan 'e rike gouden kleur fan 'e folwoeksenen. De súdlike ûndersoarte, de pampagrûnspjocht (Colaptes campestris campestroides), ûnderskiedt him fan 'e noardliker libjende nominaat troch in wite (ynstee fan swarte) kiel.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjildgrûnspjocht is in fûgel fan 'e iepen romte, dy't benammen foarkomt op 'e savanne (lykas yn 'e Pantanal), by wâldsiggen lâns en yn gebieten dy't hast hielendal sûnder beammen binne, lykas de pampa's fan Argentynje. Se hawwe gjin muoite om har oan te passen oan kultuerlânskippen lykas greiden, ikkers en parken yn stedske gebieten. Fjildgrûnspjochten komme foar fan in hichte fan 80 m oant 1.700 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjildgrûnspjocht hat in oansjenlik repertoire oan fokalisaasjes. Syn meast foarkommende sang is in fluch "wik-wik-wik", dat tsien oant tolve kear efterinoar werhelle wurdt. Pearkes sjonge soms duëtten mei in heechtoanich "wik-wik-wik", dat daliks beändere wurdt mei in leechtoanich "wuk-wuk-wuk". Oare roppen binne ornaris heech fan toan en nasaal: "tih", "tir" of "wur".
Wannear't de peartiid fan 'e fjildgrûnspjocht yn it hiele ferspriedingsgebiet falt, is noch net alhiel dúdlik, mar yn noardeastlik Argentynje en eastlik-sintraal Brazylje is der yn elts gefal in hichtepunt yn 'e fuortplanting yn it drûge seizoen fan augustus en septimber. It mantsje en it wyfke helpe beiden by de oanlis fan in hoale om yn te nêsteljen. Dat kin yn in beam wêze, mar ek yn in steile wâl, in termiteheuvel of de peal fan in stek.
Behalven yn pearkes dogge fjildgrûnspjochten ek oan fuortplanting yn gearwurkjende groepkes fan trije oant tsien fûgels. Se binne foar it meastepart monogaam, mar yn ferskate gearwurkingsgroepkes is waarnommen dat in 'helper-wyfke' ek ien of mear aaien oan it nêst bydroech. It lechsel bestiet ornaris út 4–5 aaien. De briedtiid bedraacht 16 dagen. De piken binne nêstbliuwers, dy't keal en helpleas út it aai komme en folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden (en har helpers). Se fleane út mei likernôch 30 dagen, mar wurde dêrnei noch ferskate wiken troch de âlden fuorre.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjildgrûnspjocht siket syn kostje frijwol folslein op 'e grûn byinoar, yn tsjinstelling ta de measte spjochten, dy't in mear arboreäle libbenswize hawwe. Fretten is by dizze soarte in sosjaal barren, dat ornaris yn pearkes of losse swaarmen dien wurdt. Fjildgrûnspjochten binne hast hielendal ynsektivoar en harren menu bestiet foar it oergrutte part út eamels en termiten en dy harren larven. Dy grave se op troch mei har skerpe snaffel yn 'e grûn, dead hout of termitenêsten om te boarjen en te peuterjen. Fruchten foarmje in tige beheinde oanfolling op dat dieet.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e fjildgrûnspjocht binne rôffûgels lykas earnen en hauken.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) beskôget de grûnfjildspjocht en syn súdlike ûndersoarte, de pampagrûnspjocht, is aparte soarten. Beide hawwe de IUCN-status fan "net bedrige", mei't se yn har ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomme en om't de populaasjes stabyl lykje te wêzen. It tinken is dat de fjildgrûnspjocht, oars as de measte oare lânseigen fauna yn Súd-Amearika, krekt baat hat by de oangeande ûntbosking, dy derfoar soarget dat der mear iepen terrein ûntstiet.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2025) ûndersoarten fan 'e fjildgrûnspjocht (Colaptes campestris):
- de noardlike fjildgrûnspjocht (C. c. campestris Vieillot, 1818) (de nominaat; Brazylje, Bolivia, Suriname en noardlik Paraguay)
- de pampagrûnspjocht (C. c. campestroides Malherbe, 1849) (de súdpunt fan Brazylje, súdlik Paraguay, Oerûguay en noardeastlik en eastlik-sintraal Argentynje)
Yn 'e kontaktsône yn súdlik Brazylje en sintraal Paraguay fynt hybridearring fan 'e beide ûndersoarten plak.
Dizze ûndersoarten wurde erkend troch de measte ornitologyske autoriteiten, lykas it Amerikaanske Ornitologysk Genoatskip (AOS) en de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU). Sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw hawwe party auteurs de pampagrûnspjocht lykwols as in selsstannige soarte beskreaun. Guon ornitologyske autoriteiten, lykas BirdLife International (dêr't de IUCN him foar wat fûgels oangiet op basearret) dogge dat noch altyd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

