Pampa

De pampa (fan it Ketsjûa-wurd pampa, "flakte") is in fruchtbere, subtropyske, benammentlik mei gerzen begroeide flakte yn it súdeasten fan Súd-Amearika. De pampa's beslane in oerflak fan mear as 1,2 miljoen km², wêrûnder hiel Oerûguay, de súdpunt fan Brazylje (de steat Rio Grande do Sul) en it noardeasten fan Argentynje (de provinsjes Buenos Aires, La Pampa, Santa Fe, Entre Ríos en Córdoba).

De útstrutsen flakten yn dat gebiet wurde inkeld ûnderbrutsen troch twa lege heuvelrêgen yn it Argentynske diel: de Ventanaheuvels by Bahía Blanca, dy't opklimme oant 1.300 m boppe seenivo, en de Tandilheuvels yn 'e neite fan Tandil, dy't net heger binne as 500 m. Oan 'e noardkant wurde de pampa's begrinzge troch de Gran Chaco, in oare flakte, en fierder nei it noardeasten, troch it Atlantysk Wâld. Oan 'e westkant foarmje it Pampaberchtme en de Cuyo de ôffreding. En yn it suden geane de Pampa's oer yn 'e kâldere steppe fan Patagoanje.
De pampa's binne ûntstien yn it Eoseen, it geologysk tiidrek wêryn't gerzen foar it earst opkamen as de wichtichste boaiembedekkende planten. It noarden fan 'e pampa's hat in fochtich subtropysk klimaat. Súdlik dêrfan leit in sône mei in tuskenbeiden seeklimaat. En it súdlikste part hat in kâld steppeklimaat, ferlykber mei dat fan it noch súdliker leine Patagoanje. It waait suver oan ien wei troch op 'e pampa's. De delslach (al neigeraden it krekte plak fariëarjend fan 600 oant 1.200 mm) is min ofte mear gelikens oer it jier ferdield.
Dat makket de pampa's tige gaadlik foar de lânbou. Yn it noardlike diel fan it gebiet wurdt sadwaande in protte oan bou dien, mar yn Argentynje, en foar in diel ek yn Oerûguay, binne de pampa's it domein fan 'e gaucho, de Súdamerikaanske ferzje fan 'e cowboy, dy't ek tsjintwurdich noch keppels kij en skiep op 'e flakten weidet. In grut diel fan 'e oarspronklike gruttere fauna fan it gebiet, lykas de poema (Puma concolor), de nandoe (Rhea americana), de kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), de flaktefyskatsja (Lagostomus maximus), de moannewolf (Chrysocyon brachyurus), it moerashart (Blastocerus dichotomus) en it pampahart (Ozotoceros bezoarticus) komme troch habitatferlies op 'e pampa's inkeld noch yn reliktpopulaasjes foar, en de jagûar (Panthera onca) en de gûanako (Lama guanicoe) binne hielendal út it gebiet weiwurden.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
