Springe nei ynhâld

Palmwever

Ut Wikipedy
Palmwever
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeweverfûgels (Ploceidae)
skaaiwevers (Ploceus)
Reichenbach, 1863
soarte
Ploceus bojeris
Cabanis, 1869
IUCN-status: net bedrige

De palmwever (Ploceus bojeris) is in wever út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

De palmwever is in lytse oant middelgrutte wever fan likernôch 14 sm lang. It mantsje hat in oranjegiele oant kanielkleurige kop en boarst. De wjukken en de rêch binne oliifgrien oant oliifbrún en en it ûnderbealchje is helder giel. De fûgel hat in swarte snaffel en donkerbrune eagen. Wyfkes binne ek giel, wylst wyfkes fan oare weversoarten faak bruner binne. Bûten de briedtiid is it mantsje net drastysk oars fan fearrekleed, lykas dat by oare soarten wol faak it gefal is.

De soarte komt yn East-Afrika foar fan Kenia, Etioopje en Somaalje oant Tanzania. Se wurde oantroffen yn savannes oan 'e kusten, faak yn gebieten mei in oerfloed oan palmbeammen, en yn it binnenlân oan rivieren dy't troch drûge gebieten streame. De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêstynspeksje.

De fûgels bouwe flessefoarmige nêsten yn palmbeammen, fakentiden yn lytse koloanjes. Se binne sosjaal en komme ek by doarpen en yn tunen en parken foar, mar altiten mei palmbeammen yn 'e buert.

Se ite nôt, sied en ynsekten.

De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. De populaasje hat in grutte fersprieding en wurdt stabyl achte. Grutte bedrigingen binne net bekend, útsein lokaal ferlies fan palmbeammen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: