Springe nei ynhâld

Palmtangare

Ut Wikipedy
Palmtangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiblauwe tangaren (Thraupis)
soarte
Thraupis palmarum
Wied, 1821
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De palmtangare (Thraupis palmarum) is in fûgelsoarte yn it skaai blauwe tangaren (Thraupis) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Fûgel yn Brazylje.

De fûgel wurdt 19 sm lang en weaget 36 gram en is dêrmei in gruttere tangare. De fearren binne foar it measte griis mei oliifgrien. De wjukken binne foar in part swart en ek de sturt is boppe swart.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn 'e noardlike helte fan Súd-Amearika.

Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:

Palmtangaren binne faak by palmbeammen, iepen strûken, tunen en boskrânen te sjen. Meastentiids wurde se yn pearkes of lytse groepen sjoen, somtiden mei oare fûgelsoarten.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list (LC, 2018).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: