Springe nei ynhâld

Pallasiikhoarntsje

Ut Wikipedy
pallasiikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai pronkiikhoarntsjes (Callosciurus)
soarte
Callosciurus erythraeus
Pallas, 1779
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It pallasiikhoarntsje, Pallas' iikhoarntsje of ek wol readbealchiikhoarntsje (Latynske namme: Callosciurus erythraeus), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e pronkiikhoarntsjes (Callosciurus), dat lânseigen is yn 'e súdlik Sina en dielen fan Súdeast-Aazje. As eksoat komt dizze soarte ek foar yn Nederlân. It pallasiikhoarntsje tanket syn namme oan 'e Dútske soölooch Peter Simon Pallas (1741-1811).

It pallasiikhoarntsje komt fan natuere foar yn 'e súdlike helte fan Sina (mar yn Tibet inkeld yn 'e súdeastlike grinskrite), op Taiwan, yn hiel Fjetnam behalven it uterste suden en yn hiel Laos behalven it súdwesten. Ek komt dit bist foar yn noardlik en eastlik Birma, noardlik, sintraal en westlik Tailân, it noardeasten fan Kambodja, it binnenlân fan it skiereilân Malakka en dielen fan Bûtan en it uterste easten fan Yndia en Banglades.

Pallasiikhoarntsjes libje as eksoaten ek yn oare dielen fan 'e wrâld, dêr't se troch de minske yntrodusearre binne en dêr't se yn 'e regel beskôge wurde as in skealike soarte, om't se mei de lânseigen iikhoarntsjesoarten konkurrearje. Dat is bgl. it gefal yn Japan; yn 'e Argentynske provinsje Buenos Aires; yn it Belgyske Dadizele; en op 'e Cap d'Antibes, yn Frankryk. Yn Nederlân komt it pallasiikhoarntsje foar yn Midden-Limburch, op 'e súdlike Peel, en ek yn 'e provinsje Noard-Brabân, yn 'e omkriten fan Oss.

In pallasiikhoarntsje yn in park yn Taipei.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It pallasiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 16-28 sm, mei in sturtlingte fan 11-26 sm en in gewicht fan 310-460 g. De kleur fan 'e pels ferskilt frijwat tusken de ûnderskate ûndersoarten, mar is oer it algemien in tint brún dy't op 'e bealch mear nei readich útskaait, mei faak wat swart op 'e sturt. Der bestiet gjin seksuële dimorfy by dizze soarte: beide geslachten komme foar yn deselde kleurfariëteiten en binne rûchwei likegrut. It persize kleurpatroan fan pallasiikhoarntsjes is handich om 'e ûndersoarten faninoar te ûnderskieden, mar makket it dreech om 'e hiele soarte fan nau besibbe oare soarten te ûnderskieden.

Pallasiikhoarntsjes libje yn har lânseigen ferspriedingsgebiet ornaris yn wâldbiotopen dy't har ûnder in hichte fan 3.000 m befine. Dêrby komme se foar yn sawol tropyske reinwâlden, subtropyske en subalpine nullewâlden en tuskenbeiden leafwâlden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It pallasiikhoarntsje is in beambewenner dy't allinnich oerdeis aktyf is. Op 7-18 m boppe de grûn leit er nêsten oan fan blêden en oar plantaardich materiaal. Inkeld graaft er ek wolris in ûndergrûnske hoale. Wyfkes hawwe territoaria fan ½-¾ ha dy't inoar ornaris net oerlaapje, wylst mantsjes gruttere territoaria ûnderhâlde, fan 1⅓-3¾ ha, dy't sawol de territoaria fan ferskate wyfkes as dy fan oangrinzgjende mantsjes oerlaapje. Pallasiikhoarntsjes brûke alaarmroppen om soartgenoaten (en oare bisten) te warskôgjen foar rôfdieren. It is waarnommen hoe't se soms beambeklimmende slangen yn in groep oanfalle. Fral wyfkes dy't jongen hawwe, nimme gauris oan sokke oanfallen diel.

In pallasiikhoarntsje nimt in slokje wetter.

Pallasiikhoarntsjes hawwe gjin fêste peartiid en plantsje har sadwaande it hiele jier rûn fuort. Faak pearje de wyfkes wer sadree't de jongen út it lêste nêst ôfwûn binne. Nei in draachtiid fan 47-49 dagen wurde dan 1-4, mar yn 'e measte gefallen 2 jongen smiten. Dy ferlitte it nêst as se 40-50 dagen âld binne, en binne mei in jier geslachtsryp. Pallasiikhoarntsjes kinne yn finzenskip 17 jier âld wurde, hoewol't har libbensferwachting yn it wyld perfoarst in stik koarter wêze sil.

Lykas alle beambewenjende iikhoarntsjes is it pallasiikhoarntsje yn haadsaak in herbivoar. Op it menu steane benammen blêden, blommen, sied en fruchten. Dêrnjonken beplúzje se ek in lytse hoemannichte ynsekten, en hiel út en troch ris in fûgelaai. By 't hjerstmis lizze pallasiikhoarntsjes in winterfoarrie oan, besteande út ikels en oare nuten.

It pallasiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

  • C. e. erythraeus
  • C. e. atrodorsalis
  • C. e. bartoni
  • C. e. bhutanensis
  • C. e. bonhotei
  • C. e. castaneoventris
  • C. e. erythrogaster
  • C. e. flavimanus
  • C. e. gloveri
  • C. e. gongshanensis
  • C. e. gordoni
  • C. e. griseimanus
  • C. e. griseopectus
  • C. e. haringtoni
  • C. e. hendeei
  • C. e. hyperythrus
  • C. e. intermedius
  • C. e. michianus
  • C. e. ningpoensis
  • C. e. pranis
  • C. e. qinglingensis
  • C. e. rubeculus
  • C. e. shanicus
  • C. e. siamensis
  • C. e. sladeni
  • C. e. styani
  • C. e. thai
  • C. e. thaiwanensis
  • C. e. wuliangshanensis
  • C. e. wulingshanensis
  • C. e. zhaotongensis
  • C. e. zimmeensis


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.