Pallasgoars
| Pallasgoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza pallasi | ||||||||||||
| Cabanis, 1851 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Pallasgoars (Emberiza pallasi) is in moskeftige fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pallasgoars is in lytse moskeftige fûgel, dy't wat op in lytse reidmosk liket. Hy hat in lytse snaffel dy't oanpast is oan it iten fan sied.
It mantsje hat in swarte kop en kiel, in wite halsbân en in wite ûnderkant. De rêch is griis en tige streke. By de reidmosk is de rêch brúner.
It wyfke is folle minder opfallend fan kleur. Hja hat in brún streke kop en is oan 'e ûnderkant minder sterk streke as it wyfke fan 'e reidmosk.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgelfamylje Emberizidae bestiet út likernôch 300 soarten dy't benammen sied ite. It grutste part dêrfan komt yn Noard- en Súd-Amearika foar. It skaai Emberiza, mei mear as 40 soarten, is lykwols beheind ta de Alde Wrâld.
Yn it skaai Emberiza is de Pallasgoars it meast besibbe oan 'e okerstútgoars (Emberiza yessoensis) en de reidmosk (Emberiza schoeniclus). Dy soarten wurde bytiden ek wol yn in eigen skaai, Schoeniclus, yndield.
De namme Emberiza komt fan it Aldheechdútske wurd Embritz, dat goars betsjut. De Ingelske namme en de soarte-oantsjutting pallasi binne in earbetoan oan 'e Dútske natuerûndersiker en ûntdekkingsreizger Peter Simon Pallas.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pallasgoars briedt yn noardlik en sintraal Aazje, oant yn Mongoalje. It is in trekfûgel dy't yn Súdeast-Aazje oerwinteret. Yn West-Europa is it in tige seldsume dwaalgast, mar de soarte is oant yn Grut-Brittanje waarnommen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde trije ûndersoarten erkend:
- E. p. polaris: komt foar yn it grutste part fan it noardeasten fan Jeropeesk Ruslân en yn noardlik Kamtsjatka; oerwinteret yn eastlik Sina.
- E. p. pallasi: komt foar yn Mongoalje en Transbaikal; oerwinteret yn westlik en noardlik Sina.
- E. p. lydiae: komt foar yn súdlik Sibearje en noardlik Mongoalje; oerwinteret yn noardlik Sina.
De Pallasgoars komt algemien foar op strûkrike tûndra yn 'e buert fan wetter. De soarte briedt ek yn drûgere, iepen gebieten, lykas iepen lariksbosken.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet foar in grut part út sied, mar as de jongen fuorre wurde, binne dat benammen ynsekten.

De briedtiid falt tusken juny en augustus en begjint yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet earder. It nêst wurdt ornaris makke fan gers en yn in strûk boud. It wurdt beklaaid mei finer materiaal, lykas fyn gers en hier.
De soarte leit 3 oant 5 rjemmekleurige aaien. Dy hawwe ek de hiereftige tekening dy't sa karakteristyk is foar aaien fan goarsfûgels. De briedtiid duorret 11 dagen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
