Springe nei ynhâld

Paleärktysk gebiet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Palearktysk gebiet)
In lânkaart fan 'e wrâld mei dêrop it Paleärktysk gebiet ynkleure.

It Paleärktysk gebiet of de Paleärktis is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme is in gearlûking fan "paleo-", fan it Grykske παλαιός, palaios, dat "âld" betsjut, en "Arktis", in oare namme foar de Noardpoalstreek. It betsjut dus de "Alde Arktis" oftewol de "Arktis fan 'e Alde Wrâld".

It Paleärktysk gebiet is de grutste fan 'e acht ekosônes. It omfettet Jeropa en Noard- en Sintraal-Aazje hielendal, mei dêropta Súd-Aazje benoarden de Himalaya en de Hindoe Kûsj, East-Aazje benoarden de rivier de Jangtsekiang, Transkaukaazje, Lyts-Aazje, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten (de Levant en Mesopotaamje), en Noard-Afrika (sekuerder: Afrika benoarden de Sahel).

It Arabysk Skiereilân en it uterste súdeasten fan Iraan hearre lykwols net ta it Paleärktysk gebiet, mar ta it oanbuorjende Afrotropysk gebiet. De Sahara en de woastinen dy't it Arabysk Skiereilân ferbine mei de rest fan it Midden-Easten foarmje oergongssônes tusken it Paleärktysk en it Afrotropysk gebiet. Fierder nei it easten ta grinzget it Paleärktysk gebiet yn Súd- en East-Aazje oant it Yndomaleisk gebiet, dêr't ek de eilannen Taiwan en Hainan en de Rjûkjû-eilannen ta hearre.

Dizze ekosône is fierhinne beheind ta it eastlik healrûn, mar sawol yn it easten (Kaap Dezjnjov op it Kamtsjatkaskiereilân) as yn it westen (de Britske Eilannen, de Fêreu-eilannen en Iislân) stekt it Paleärktysk gebiet út yn it westlik healrûn. Soms wurdt it Paleärktysk gebiet yn 'e mande mei it Neärktysk gebiet yn Noard-Amearika ornearre ien reuseftige ekosône te foarmjen, dy't it Holarktysk gebiet neamd wurdt. Dat spilet benammen yn 'e botany.

It Paleärktysk gebiet kin opdield wurde yn ferskate lytsere ekoregio's, wêrûnder noardlik Jeropa en Sibearje; it Middellânske-Seegebiet; de Sahara en de woastinen yn it Midden-Easten, de Nyldelling, West- en Sintraal-Aazje, de Himalaya en oanbuorjende berchtmen, en East-Aazje. Dêropta binne der ferskate swietwetter-ekoregio's, wêrûnder de yngeand ûntwikkele rivieren fan Jeropa, de rivieren fan Ruslân, de Baikalmar dat wrâlds âldste en djipste mar is, en de âlde Biwamar yn Japan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


ekosônes yn de biogeografy
Afrotropysk gebiet Antarktysk gebiet Australazysk gebiet Holarktysk gebiet (Neärktysk gebiet + Paleärktysk gebiet) Yndomaleisk gebiet Neotropysk gebiet Oseänysk gebiet