Springe nei ynhâld

Palaeolama

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Palaeolama mirifica)
Palaeolama
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
famylje kamieleftigen (Camelidae)
ûnderfamylje: echte kamieleftigen
   (Camelinae)
tûke: lama-eftigen (Lamini)
skaai: Palaeolama
Gervais, 1869

Palaeolama, letterlik: "âlde lama" of "iere lama" is in útstoarn skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae), de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae) en de tûke fan 'e lama-eftigen (Lamini). Dit skaai waard yn 1869 beskreaun troch de Frânske paleöntolooch Paul Gervais.

Soarten en fynplakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Palaeolama libbe yn it Pleistoseen, fan 1,8 miljoen oant 11.000 jier lyn, yn sawol Noard- as Súd-Amearika. Der is ien soarte út dit skaai bekend, Palaeolama mirifica, de "stevichpoatige lama", beskreaun troch George Gaylord Simpson yn 1931. Dêrfan binne yn 'e Feriene Steaten fossilen fûn yn Kalifornje en de súdeastlike steaten, mei de heechste konsintraasje yn Floarida, yn 't bysûnder yn 'e countys Alachua, Brevard, Citrus, Hillsborough, Levy, Manatee, Orange, Polk en Sumter. Yn Midden-Amearika binne fossilen fan Palaeolama mirifica fûn yn Meksiko en El Salvador, en yn Súd-Amearika yn Argentynje, Bolivia, Brazylje, Ekwador, Fenezuëla, Oerûguay, Paraguay, Perû en Sily.

De Amerikaanske paleöntologen Legendre en Roth hawwe yn 1988 fan fjouwer fossilen fan Palaeolama mirifica it gewicht berekkene dat it bist by libben hawwe moatten hat. Hja kamen út op 'e folgjende resultaten:

  • eksimplaar 1: 198,0 kg
  • eksimplaar 2: 284,8 kg
  • eksimplaar 3: 205,5 kg
  • eksimplaar 4: 203,0 kg

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.