Padûa
| Padûa | ||
| Prato della Valle | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Padua | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 207.862 (31.05.2025)[1] | |
| Oerflak | 93,03 m² | |
| Befolkingsticht. | 2.234,35 ynw./km² | |
| Hichte | 12 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 35121–35143 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Koördinaten | 45°25' N 11°25' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.comune.padova.it | ||
| Kaart | ||
Padûa (Italjaansk: Padova, Latyn: Patavium ) is in stêd yn it noarden fan Itaalje. It is de haadstêd fan 'e provinsje Padêa. De stêd hat 207.862 ynwenners (31.05.2025).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in tige lange skiednis en giet werom op 'e mytyske stifting troch de Trojaanske Antenor. It is û.o. it berteplak fan 'e histoarikus Livius. Padua, it Romeinske Patavium, waard yn 'e tiid fan it Grutte Folkeferfarren ferneatige troch de Fisigoaten (409 n.Kr.), de Hunnen (452), de Ostrogoaten (543) en de Langobarden (610).
Yn 'e midsiuwen hearde de stêd ta it Hillige Roomske Ryk, mar sûnt de 12e iuw wie it in frije stêd (libero comune). Yn 1174 waard Padûa troch in grutte brân ferneatige, wêrnei't de stêd hast folslein werboud waard.

Fan grutte betsjutting foar de stêd hat de stifting fan 'e universiteit (1222) west, dy't yn 1238 útwreide waard troch keizer Freark II. De universiteit wurdt as de widze fan it humanisme beskôge. Yn 1545 waard dêr de Orto botanico di Padova stifte, de âldste botanyske tún fan Jeropa (en in UNESCO- wrâlderfgoedplak). Galileo Galilei wie dêr heechlearaar fan 1590 oant 1610.
Padûa is it plak dêr't de hillige Antonius fan Padûa (ferstoarn yn 1231) ferstoar. De basilyk fan Padûa is nei him ferneamd.
Yn 1405 waard Padûa troch de Republyk Feneesje ynnommen. Mei Feneesje waard de stêd yn 1797 oan Eastenryk ôfstien. Yn 1866 waard Padûa definityf ûnderdiel fan Itaalje.
Yn 1918 waard de wapenstilstân tusken Eastenryk-Hongarije en Itaalje tekene yn Padûa: de Wapenstilstân fan Villa Giusti, neamd nei de Villa Giusti dêr't de ûndertekening plakfûn.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2021 steane de 14-iuwske freskosyklussen fan Padûa op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
- De Chiesa degli Eremitani is in goatyske tsjerke fan in earder Augustynsk kleaster. It datearret út 1276 en hat fresko's fan keunstners lykas Mantegna en Guariento di Arpo. De freskosyklus fan Mantegna yn 'e Ovetari-kapel waard by de ferneatiging fan 'e tsjerke troch in allieard bombardemint yn maart 1944 foar in grut part ferneatige. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke folslein werboud.

- De Cappella degli Scrovegni is in romaanske kapel út 1303–1305 en hat in ferneamde freskosyklus fan Giotto út it begjin fan 'e 13e iuw. De fresko's, oerhearske troch Giotto's karakteristike blauwe kleur, litte foarstellings út it libben fan Sint-Anne sjen, har dochter Marije en Kristus. Ek opmerklik binne it tonferwulft, hast folslein yn blau skildere, en de 14 monochrome allegoaryske figueren ûnderoan, dy't de ûndeugden en deugden foarstelle. It fresko fan it Lêste Oardiel fersiert de efterkant fan 'e gevel. Neffens de tradysje hat de kapel it bestean te tankjen oan it feit dat de opdrachtjouwer, de rike sakeman en bankier Enrico Scrovegni, syn eigen sûnden en dy fan syn heit, dy't, lykas hysels, in woekerder west hie, boete dwaan woe.

- De Sint-Antoniusbasilyk fan Padûa.
- It Oratorio di San Giorgio (1377-1384) tichteby de Sint-Antoniusbasilyk is in grêfkapel fan in aadlike famylje. De kapel hat in ynterieur dat tinken docht oan 'e Cappella degli Scrovegni. De fresko's fan Altichiero besteane út trije syklussen, dy't wijd binne oan 'e libbens fan Sint-Joaris, Sinte-Katarina en Sinte-Lesij.
- De Scuola del Santo of "Scoletta" (1427) is de sit fan 'e bruorskip fan Antonius fan Padûua. Op 'e earste ferdjipping is de Sala Priorale, fersierd mei 15 fresko's en trije doeken. Trije fresko's út 1511 binne fan 'e jonge Titiaan.

- De Duomo, de katedraal fan Padûa, is de tredde katedraal op itselde plak. Michelangelo Buonarroti hat mooglik in rol spile yn it ûntwerp. De bou sette útein yn 1551 en waard foltôge yn 1754. De gevel is nea foltôge. De nije alterromte út 1996 is opfallend. It haadalter, de krusifiks, de ambo, de lessener en de bylden fan 'e patroanhilligen waarden makke troch Giuliano Vangi. Njonken de katedraal stiet it kanunnikehûs fan Petrarca.
- It baptisterium fan Padûa njonken de katedraal is de romaanske doopkapel út 'e 12e iuw. It besit in polyptyk fan 'e Florentynske skilder Giusto de' Menabuoi, lykas in freskosyklus (1375–1376), dy't beskôge wurdt as syn masterwurk. De beskermhear fan dy Florentynske master wie Fina Buzzaccarini, frou fan Francesco I fan Carrara, hear fan Padûa. De fresko's litte sênes sjen út 'e libbens fan Marije, Kristus en Jehannes de Doper. It sintrum fan it koepelferwulft wurdt troch it fresko fan it Paradys beset. Krekt ûnder de Pantokrator is it fresko fan Marije te sjen. Om de Pantokrator hinne binne in mannichte hilligen en ingels. Under it fresko fan it Paradys binne episoaden út it Alde Testamint ôfbylde.
- De Basilica di Santa Giustina is in oan 'e hillige Justina wijde basilyk oan 'e Prato della Valle. De bou fan dy romaansk-goatyske basilyk, ien fan 'e grutsten fan it kristendom, begûn yn 'e 5e iuw en waard foltôge yn 'e 17e iuw. Fanwegen syn ferlykbere ôfmjittings en koepels wurdt de tsjerke soms betize mei de njonkenlizzende Sint-Antoniusbasilyk.
- De Chiesa di San Clemente I Pap is in maniëristysk gebou oan 'e Piazza dei Signori foar it Palazzo del Capitanio oer.
- De Madonna Addolorata al Torresino is in letbarok masterwurk út 1718 fan Girolamo Frigimelica.
- It Oratorio di San Michele (Oratorio San Michele) is in oerbliuwsel fan 'e âlde tsjerke fan 'e Chiesa di San Michele e dei Santi Arcangeli. Yn 'e kapel is in oan it libben fan Marije wijde freskosyklus út 1397 fan Jacopo da Verona.
- De Chiesa di Sant'Andrea is in neoklassisistysk gebou mei in skiednis dy't werom giet op in romaanske tsjerke. Dêrnjonken stiet it monumint Gatta di Sant'Andrea.
- De Tempio della Pace of de Fredestimpel is in tsjerke dy't as kriichsmonumint tsjinst docht.
- De Orto botanico is de âldste botanyske tún yn 'e wrâld, in UNESCO Wrâlderfgoedplak. De tún waard ûnder oaren beskreaun troch Dante.
Net-religieuze monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It Palazzo della Ragion of Il salone wurdt omfieme troch de Piazza delle Erbe en de Piazza dei Frutti. It yndrukwekkend grutte gebou datearret út 1218.
- It Palazzo delle Debite stiet op it plak fan 'e eardere Prigione delle Debite, of de skuldeaskersfinzenis .
- It Palazzo del Capitanio stiet oan 'e westlike kant fan Piazza dei Signori. Yn it sintrum fan 'e gevel fan it Palazzo is in bôge, de Torre dell'Orologio, wêrop in toer mei in astronomyske klok rêst.
- De Loggia del Consiglio of Loggia della Gran Guardia (1496–1553) is in gebou oan 'e Piazza dei Signori út 'e renêssânse. De namme "Gran Guardia" giet werom nei de tiid fan it Eastenryksk bewâld, doe't it gebou tsjinne as de residinsje fan it militêre regear.
- It Castelvecchio (ek Castello di Ezzelino/Castello Carrarese/Castello di Padova) is in festing út 'e Hege Midsiuwen. It meast ferneamde en sichtbere skaaimerk is de Torlonga, de grutste fan 'e twa tuorren fan it Castello. Boppe de Torlonga stiet de Specola di Padova, it astronomysk observatoarium fan 'e universiteit.

- De Universiteit fan Padûa (1222) is ien fan 'e âldste universiteiten fan 'e wrâld. It neamen wurdich binne:
- it poerbêst bewarre anatomyske teäter (1584) yn Palazzo Bo, beskôge as it earste permaninte anatomyske teater. It teäter tsjinne as model foar in soad oare anatomyske teaters dy't letter boud waarden, lykas it Leiensk Anatomysk Teäter .
- De Orto botanico di Padova (1545) (Unesco - Wrâlderfgoed), de botanyske tún fan 'e universiteit, leit noch jimmeroan op it oarspronklike plak.
- De Alvise Cornaro Loggia en Odeo Cornaro foarmje in gebouwekompleks út it earste fearn fan 'e 16e iuw. Se binne boud yn opdracht fan 'e Fenesjaanske beskermhear en skriuwer Alvise Cornaro om teäterfoarstellingen te jaan.
- Teatro Giuseppe Verdi.
- Porta Ognissanti (ek: Porta Portello of Porta Venezia); de poarte foar reizgers dy't Padua binnenkomme fanút Feneesje.
- Caffè Pedrocchi is in histoarysk en ynternasjonaal ferneamd kafee dat datearret út 1831. It is ûnderbrocht yn in neoklassisistysk gebou (19e iuw). It kafee is in moetingsplak foar studinten, yntellektuelen en politisy. It stie lange tiid bekend as de Caffè senza porte (kafee sûnder doarren) om't it dei en nacht iepen wie.
- Galileo syn hûs oan 'e Via Galileo Galilei. Galileo wenne yn dat hûs doe't er as universiteitsprofessor dêr wurke.
Pleinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Prato della Valle of Il Prato (ein 18e iuw) is ien fan 'e grutste pleinen yn Jeropa
- It Piazza dei Signori wurdt omklamme troch û.o.
- it Palazzo del Capitanio, dat oan 'e westkant fan it plein stiet;
- de Loggia del Consiglio of Loggia della Gran Guardia;
- de tsjerke fan San Clemente I Papa;
- Piazza delle Erbe en Piazza dei Frutti omfiemje it Palazzo della Ragione oan 'e súd- en noardkant
- Piazza Duomo: mei de katedraal en de doopkapel
- Piazza del Santo leit foar de gevel fan 'e Basilica di Sant'Antonio. It Oratorio di San Giorgio en de Scuola del Santo lizze oan 'e rjochterkant fan 'e Basilyk.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Musei civici agli Eremitani bestiet út it Museo archeologico en it Museo d'arte medioevale e moderna.
- It Museo di arti applicate (benammen keramyk en meubilêr) en it Museo Bottacin (bekend om de grutte muntkolleksje) binne beide ûnderbrocht yn it Palazzo Zuckermann.
- Museo del Risorgimento e dell'età contemporanea (njonken it kafee Pedrocchi).
- Museo diocesano di arte sacra (njonken de Duomo).
- Museo al Santo (op it Piazza del Santo).
- Museo di Scienze Archeologiche e d'Arte yn it Palazzo Liviano.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
